Springe nei ynhâld

Patronaatsrjocht

Ut Wikipedy

It patronaatsrjocht (Latyn: ius patronatus), tsjerkepatronaat, of koartwei patronaat wie yn de snuorje fan it feodalisme it rjocht in útstel foar it beneamen fan in pastoar fan in karspel te dwaan. Minder bekend wie dat in patronaatsrjocht fêstlein wurde koe by it oprjochtsjen fan in benefisium of in fikary. It einbeslút waard troch de biskop dien, mar dy bekrêftige almeast it diene útstel.

It patronaatsrjocht joech politike ynfloed en de hâlder fan it rjocht ûntfong it ynkommen fan de karspel. Ek koe de patroanhillige fan de karspel fêststeld wurde. Dêrfoaroer stie dat de pastoar en de tsjerke ûnderholden wurde moast. Benammen abdijen, mar ek kapittels hiene patronaatsrjochten.

De manier om streekrjocht in patronaatsrjocht te bemachtigjen wie om sels karspels te stiftsjen sa as bygelyks yn lânoanmakkerijen, dochs se waarden ek wol skonken troch eallju dy't dy rjochten hiene.

Dyjinge dy't it patronaatsrjocht krige, waard in kollator neamd. De kollator mocht in útstel dwaan wa it ynkommen fan de fikary krije koe. De kollator koe in preester of in likebroer wêze. Yn de midsiuwen wiene it by dy soarte stiftings benammen partikulieren dy't it patronaatsrjocht krigen.

It wurd "patronaat" komt fan it Latynske patron dy't foar "tsjerkehear" brûkt waard.

De skiednis fan it patronaatsrjocht giet fier werom. It patronaatsrjocht ûntjoech him yn de midsiuwen út de eigentsjerke wei. Foar it goedkarren fan it patronaatsrjocht troch paus Aleksander III yn de tolfde iuw wiene de measte tsjerken yn it besit fan eallju of fan stêden. It patronaatsrjocht gie om it stiftsjen ta geunst fan de tsjerke.

De stifters mochten de tsjerken net foar oare doelen brûke dêr't se foar ornearre waarden, mar se bleaune lykwols de rjochtlike eigeners fan de tsjerkegebouwen. It patronaatsrjocht feroare yn de rin fan de tiid tige. De pausen bestriden it eigentsjerkerjocht yn de hege midsiuwen. Aleksander III fierde it patronaatsrjocht en kollatorrjocht yn dy't it eigendom fan de stifters tsjerkrjochtlik befêstige, dochs ek it rjocht ta it brûken fan de karspel geunstiger makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: