Jehannestsjerke (Tsjom)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke (Tsjom)
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Tsjom
adres Frjentsjerterdyk 47
koördinaten 53° 09' N 5° 33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier 1549 (toer); 19e iuw (tsjerke)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15869
Webside
Ynformaasje tsjerke op de side fan Tsjom
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Jehannestsjerke is de tsjerke fan de PKN-gemeente yn Tsjom.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard de oan Jehannes de Doper wijde tsjerke boud yn de 12e iuw. Fan dy midsiuwske tsjerke binne noch in pear fragminten fan dowestien op de noardlike muorre te sjen, werûnder in stikje fan in rûnbôgefries en resten fan lytse, heechlizzende romaanske finsters. Yn de 14e iuw waard it skip langer makke en ôfsletten mei in fiifsidich goatysk koer. Yn 1881 fûn der wer in foarse ferbouwing plak. De tsjerke waard op 'e nij ommitsele en de bûtenmuorren waarden mei in fries ferhege. Oan de noardlike muorre bleau wol âld mitselwurk sichtber.

De goatyske toer mei op elke hoeke in wetterspijer waard yn de jierren 1548-1549 boud en fan in 41 meter hege achtsidige spits foarsjoen. Nei de tsjerketoer fan de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is de 72 meter hege tsjerketoer fan Tsjom de heechste fan Fryslân. De toer en tsjerke hawwe yn de rin fan de tiid te lijen hân fan ûnwaar en bliksemynslach. Yn de Tachtichjierrige Kriich waard de tsjerke yn 1586 troch Spaanske troepen yn 'e brân stutsen.

Foarôfgeande oan 'e bou fan 'e Bonifatiustsjerke, yn 1882-1884, hie de Jehannestsjerke de heechste tsjerketoer fan Fryslân. It ferhaal wol dat Aldeboarn, dêr't yn 1723 de wjerljocht yn 'e toer fan 'e pleatslike Bonifatiustsjerke sloech, neitiid de heechste toer fan Fryslân hawwe woe. Sadwaande setten de Boarnsters nei Tsjom ta, om mei in tou de krekte hichte fan 'e toer fan 'e Jehannestsjerke op te mjitten. Dêr diene se ien jellen by, sadat harren toer tenei it heechste wêze soe. Mar doedestiden koe men net yn ien dei hinne en werom fan Aldeboarn nei Tsjom, dat de Boarnsters moasten yn Tsjom de nacht trochbringe. Te neare nacht, doe't de Boarnsters allegear mei it fel oer de eagen leine, kamen de Tsjommers fanwegen en sniene twa jellens fan it mjittou ôf. Dêrtroch hold Tsjom de heechste toer. Dizze anekdoate wurdt ferteld om te ferklearjen wêrom't Boarnsters tuorkemjitters en Tsjommers lyntsjesnijers neamd wurde.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It ynterieur fan de tsjerke ûndergyng by de ferbouwing fan 1881-1882 grutte feroarings. De âlde lûkbalken waarden ferfongen troch stangen. Ek de banken foar it tsjerkefolk en hearebanken foar de preekstoel oer datearje fan dy tiid. De troch Agge Jans Monsma út Snits makke preekstoel is âlder en stamt út 1699. It hek om 'e dooptún is lykwols wer 19e-iuwsk.

Yn de flier fan it koer lizze in tal 16e- en 17e-iuwske sarken. By de noardlike muorre leit in nijsgjirrige sark fan kaptein Marten Jansen en syn hûshâlding. Op de sark stiet beskreaun dat syn soan Jorrit yn 1628 yn 'e âldens fan 26 jier ferstoar op De Ienhoarn, dy't diel útmakke fan Piet Hein's float. Piet Hein wie mei de bút fan de Sulverfloat (La Flota de Indias) op de weromreis nei Nederlân, mar kaam telâne yn in slach mei kapers út Dúntsjerk, wêrby't de bemanning fan De Ienhoarn hast hielendal it libben liet.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn de roomske tiid wie der sprake fan in oargel yn de tsjerke fan Tsjom. Tegearre mei de oargelbouwers Harmen Jans en dy syn soan Jan Harmen út Sweins boude skoalmaster Claas Douwes yn 1667 in oargel yn Tsjom, dat bestie út haadwurk en rêchwurk. Dat oargel waard yn 1776 ferkocht oan de tsjerkfâlden fan Easthim. Yntusken wie Gerhard Stevens útein set mei de bou fan in nij oargel foar de tsjerke, mar al nei in jier hiene de tsjerkfâlden dêr gjin ferdúsje mear yn en fregen hja Albertus Antoni Hinsz it wurk ôf te meitsjen. Mei gebrûk fan it piipwurk fan Stevens foltôge Hinsz it oargel yn 1764. Oan it oargelfront is fykwurk fan Johann Georg Hempel. Wapens fan de doedestiidske grytman en tsjerkfâlden binne oan en ûnder it rêchwurk oanbrocht. Doe't de tsjerke yn 1881 ferboud is binne de oargelbylden op de tuorren ferwidere en ferfongen troch it tsjintwurdige fykwurk. Yn de rin fan de tiid wurken ferskillende oargelbouwers oan it ûnderhâld fan it ynstrumint. Yn 1985 waard it oargel troch de bruorren Reil út Heerde yn de steat fan foar 1881 werom brocht. It fykwurk fan 1881-1882, de Roerfluit 4 en in rjochtopgeande magazynbalge van Van Dam bleaune dêrby hanthavene.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de toer fan de Jehannestsjerke hingje trije klokken. De âldste klok waard yn 1525 troch Geart fan Wou getten. In lytse klok út 1870 waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere. Yn 1978 waarden der twa oare klokken oanskaft, mar dy pasten net by de klok fan Geart fan Wou. By de lêste restauraasje waarden de klokken ferfongen troch klokken út de roomsk-katolike Sint-Fitustsjerke fan Bussum.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: