Meinardstsjerke
Meinardstsjerke | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Minnertsgea | |
adres | Meinardswei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 13e iuw (parten) 16e iuw | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 8634 |
De Meinardstsjerke is in tsjerkegebou yn Minnertsgea yn de Fryske gemeente De Waadhoeke.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ienbeukige tsjerke út de 16e iuw (mei parten út de 13e iuw) wie oarspronklik wijd oan Martinus. De toer út 1505 hie in spits dy't yn 1552 troch wjerljocht rekke waard. Om 1590 hinne krige de toer in sealtek dat yn 1818 restaurearre waard. De toer fan trije lidden waard yn 1939 restaurearre. Yn 1951-'55 waard de tsjerke resaurearre troch A. Baart nei in brân yn 1947.
De liedklok (1648) fan Jacob Noteman waard yn 1951 fannijs getten troch Van Bergen. It oargel út 1777 fan Albertus Antoni Hinsz gie ek ferlern by de brân. Yn 1955 waard it oargel ferfongen troch ien út 1785, maake troch Guillaume Robustelly. De preekstoel is komt út de Doperske tsjerke fan Blije. It doopfont is makke troch Jan Meefout[1]. In stik as wat grêfsarken komme út de ôfbrutsen Galileërtsjerke yn Ljouwert.
De PKN gemeente Minnertsga tsjerket yn de Meinardtsjerke.[2]
De doar fan it hûnegat ûnder de toer
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noot
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Meinardskerk fan Wikimedia Commons. |