Sint-Fituskatedraal (Ljouwert)
Sint-Fituskatedraal | ||
Fiktive skets fan 'e katedraal en de Aldehou. | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
koördinaten | 53°12' N 5°47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Ljouwert | |
patroanhillige | Fitus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 15e iuw toer 16e iuw | |
sloopjier | 1595-1596, restant: 1706 | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
De Sint-Vituskatedraal wie tusken 1559 en 1580 de katedraal fan it eardere bisdom Ljouwert, dat noch krekt foar de Reformaasje mei de pauslike bul Super universas ynsteld waard.
De earste stiennen Fitustsjerke fan it doetiidske doarp Aldehou wie in romaanske krústsjerke fan dowestien. In iuw letter waard de tsjerke mei kleastermoppen fergrutte. Nei de gearfoering fan 'e terpdoarpen Aldehou, Nijehou en Hoek ta de stêd Ljouwert yn 1435 fûn der nijbou yn goatyske styl plak. Nei de ynfiering fan 'e reformaasje yn 1580 waard de tsjerke yn 'e jierren 1595-1596 foar in grut part ôfbrutsen en yn 1706 folge de ôfbraak fan 'e rest.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1968-1969 binne by opgravingen troch de Rykstsjinst foar it Aldheidkundich Boaiemûndersyk de spoaren werom fûn fan 'e earste Sint-Fitustsjerke. De âldste stiennen Sint-Fitustsjerke wie in ienskippige krústsjerke op in fûnemint fan fûstgrutte fjildstiennen. De 42 oant 47 lange krústsjerke hie muorren fan maksimaal 1 m dik. It skip wie eksklusyf it westwurk 24,5 m lang en 9,5 m breed. De transeptearmen wiene 5,5 by 6 m en hiene elts in eastlike apsis. It koer wie justjes smeller as it skip en 16 m lang. Dy tsjerke soe mooglik al om it jier 1000 hinne boud wêze, itjinge foar it noarden tige ier is. De tsjerke krige letter in toer oan 'e westlike kant, dêr't oan wjerskanten in sydkapel oan tafoege waard.
Yn 'e dokuminten ferskynt de tsjerke foar it earst yn 1148 as besit fan 'e Westfaalkse benediktynske abdij fan Corvey yn it Hillige Roomske Ryk. De patroanhillige fan 'e abdij wie Sint-Fitus en sa ek de tsjerke fan Aldehou. Likernôch 140 jier (1285) letter docht út dokuminten bliken dat de tsjerke yntusken besit wie fan 'e Fryske premontratinzer abdij Mariëngaarde yn Hallum.
Yn 'e 13e iuw waard om de tsjerke hinne in begjin makke mei de bou fan in nije Fitustsjerke fan reade kleastermoppen, mar dy plannen kamen net fierder as it lizzen fan 'e fûneminten. Nei de gearfoeging fan 'e trije terpdoarpen ta de stêd Ljouwert waard der op 'e nij útein set mei de bou fan in nije tsjerke. Yn 'e 15e iuw waard in trijeskippige basilyk sûnder dwersskip foltôge.
Mei de toer waard yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw ûnder lieding fan Jakob fan Aaken útein set. By de opgravingen fan 1968-1669 waard ek ûntdutsen dat der ek in begjin makke waard mei de bou fan in folle gruttere krústsjerke om dy oan te sluten op 'e nije toer. Fan dy nea foltôge tsjerke binne allinne fûneminten noard fan 'e doe besteande tsjerke weromfûn. De tsjerketoer moast heger wurde as de Martinytoer fan 'e stêd Grins, mar de hichte waard mar 42 m om't de toer al by de bou fersakke.
Mei de bul Super universas fan 12 maaie 1559 reorganisearre paus Paulus IV de tsjerklike hierargy en de bisdommen yn 'e Spaanske Nederlannen. De bul betsjutte dat Ljouwert de status fan biskopsstêd krige en de Fitustsjerke de katedraal fan it nije bisdom waard. Yn 1566 groeide Ljouwert út ta in noardlik sintrum fan ferset tsjin it Spaanske bewâld. Yn opdracht fan boargemaster Tsjerk Walles waarden de katolike symboalen út de tsjerken ferwidere, mar yn jannewaris 1567 waard de katolike religy troch yngripen fan Aremberg wersteld. Op 26 febrewaris 1570 wijde biskop Cunerus Petri de alters fan 'e Fituskatedraal. Nei in fisitaasje oan 'e parochy's yn itselde jier waard út de katedraal in grutte sulverskat stellen. Ek hie de katedraal yn dat jier te lijen fan in swiere stoarm. Troch in grut bedrach te lienen koe it bisdom de skea oan 'e katedraal herstelle, mar yn 1576 waard de katedraal op 'e nij slim skansearre.[1]
Yn 1576 rekke de Fituskatedraal by in stoarm skansearre. Dy stoarm waard doe útlein as straf fan God en in teken dat it wol gau dien wie mei de roomske en Spaanske ûnderdrukking. Op 2 augustus akseptearre Ljouwert de godstsjinstfrede, folge troch Deputearre Steaten op 26 augustus 1578. Yn dat jier waard der foar it earst publikelik protestantsk preke yn Ljouwert. Yn 1580 waard de útoefening fan 'e roomske religy ferbean, geastliken, muontsen en nonnen dy't wegeren op 'e protestantske lear oer te gean waarden ûnder muzyk troch de Hoeksterpoarte de stêd útset.
De ynfiering fan 'e reformaasje betsjutte de ein fan it bisdom Ljouwert. Nei de stoarmskea fan 1570 en 1576 waard de Fituskatedraal net mear restaurearre. Alles wat katolyk wie, waard ferwidere. It wie ynearsten noch de bedoeling fan 'e magistraat om de tsjerke foar de nije leare oan te behâlden, mar de tsjerke bleau oant 1595 leech en dêrnei folge de sloop. De legere bûtenmuorren bleaune noch in skoft stean, mar nei 1706 wie der fan 'e eardere Fituskatedraal neat mear oer. It lot fan 'e oare twa Ljouwerter parochytsjerken wie like tryst: de Marijetsjerke fan Nijehove waard fuort nei de alteraasje sletten, krige oare funksjes en waard yn 1765 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. De Sint-Katarinatsjerke fan Hoek waard plondere en nei 1580 ynearsten as pesthûs yn gebrûk nommen en letter as wapenarsenaal. Fan dy tsjerke bleau noch in stik fan 'e noardlike muorre yn it gebou oan 'e Foarstreek 6 bewarre.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|