Springe nei ynhâld

Casper Struiwig

Ut Wikipedy
detail preekstoel Petrustsjerke, Súdbroek

Casper Struiwig (Grins, doopt 30 novimber 1698 - Grins, 1747) wie in Nederlânske byldsnijer.

Struiwig (ek Struiwigh en Struwig) waard berne yn de Nieuwe Boteringestraat as soan fan Claas Struiwig en Geesjen ten Hoorn. Hy waard doopt yn de Aa-tsjerke op 30 novimber 1698. Yn 1722 boaske hy Anna Croons (1695-1742). De húshâlding wenne by de Kijk in 't Jatbrêge. Hy troude fannijs yn 1743 mei Hillegonda de Leur.

Der wie net folle fraach nei selsstannige skulptueren yn de 18e iuw; byldhouwers wurken dêrom faak gear mei in kistemakker of oare ambachtsmaster.[1] Hja fersoargen dan it houtfykwurk foar de ferskate meubelstikken. Struiwig wurke yn de mande mei kistemakker Jan Bitter sr., se makken ûnder oare preekstuollen foar Middelstum, Súdbroek en Eilsum.[2] Struiwig wurke ek gear mei de Grinslanner oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz, dy't him ûnder oaren oan de opdracht holp foar byldhouwurk en ornaminten oan it troch him restaurearre tsjerkoargel yn Kampen.[3]

  • 1725 preekstoel foar de Nicolaastsjerke yn Haren
  • 1733 preekstoel yn Middelstum
  • 1736 preekstoel foar de Petrustsjerke yn Súdbroek
  • 1738 preekstoel yn Eilsum
  • 1742 bylden foar it Hinsz-oargel yn de Bovenkerk yn Kampen
  • 1744 houtfykwurk foar it Hinsz-oargel yn de Nicolaïkerk yn Appingedam
  • ± 1745 preekstoel foar Oterdum
  • 17?? wapenboerd fan de famylje Tjarda van Starkenborch yn ’t Marnehoes yn Wehe
  • Friso, Wija / Knol, Margriet / e.o. Stichting Oude Groninger Kerken. Fjirde jiergong nr. 4. Desimber 1987. Mei û.o.: Leven en werken van Casper Struiwig, beeldhouwer. - De orgels van Saaxumhuizen en Garnwerd weer in gebruik. Grins, Stichting Oude Groninger Kerken, 1987.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, J. de (2005) 'Hier ziet men uit paleizen' Het Groninger interieur in de zeventiende en achttiende eeuw. Assen: Van Gorcum
  2. Kroesen, J. en Steensma, R. (red.) (2008) De Groninger Cultuurschat. Kerken van 1000 tot 1800 Assen: Van Gorcum
  3. Hoofdorgel in de Bovenkerk