Peize
Peize (Drintsk: Paais) is in esdoarp[1] yn it noarden fan de provinsje Drinte, ûngefear tsien kilometer ten suden fan de stêd Grins.
Oant 1 jannewaris 1998 wie Peize in selsstannige gemeente. Nei de Gemeentlike weryndieling fan Drinte makket it diel út fan de gemeente Noordenveld.
Oantal ynwenners (ynklusyf Altena, Peizermiede en Peizerwâlde):
- rom 5100 (per 1 jannewaris 2003)
- 5337 - (per 1 jannewaris 2004)
Tsjintwurdich is Peize in forinzedoarp mei sterke oriïntaasje op de stêd Grins.
Hoptylt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eartiids wie it in typysk Drintsk boeredoarp mei benammen mingde bedriuwen.
Yn de sechtjinde en santjinde iuw stie it doarp bekend om it kweken fan hop, benammen brûkt foar it biermeitsjen yn de stêd Grins.
De hopbel wie it byldmerk yn it gemeentewapen.
De namme hop komt o noch foar yn ferskate nammejouwings lykas Hoppekampwei, feriening De Hopruters, âldereinsintrum De Hoprank en wykblêd de Hopbel.
Ta learing en fermeits is troch in groep frijwilligers in oantal saneamde Hopkûlen ynrjochte. Dit 'libben museum' leit oan it fytspaad dat útkomd op de Hoppekampwei en toant de klassike Hoptylt.
Om in byld te jaan fan de grutte fan de hoptylt yn Peize en omlizzende doarpen: út grûnskattingsregisters fan 1650 blykt dat 54% fan alle hoptylt yn Noard Drinte barde yn Peize. Elke boer yn Peize die mei oan de hoptylt, fjouwer fan harren dienen neat oars. It gemiddeld oantal "hopkûlen" de kweker wie 1043. (In hopkûle is in omwâle perkje fan 1 m² wêrbinnen in oantal hopplanten tsjin hege peallen of staken omheech groeie.)
Yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw blykt de hoptylt hast hielendal ferdwûn te wêzen.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Hoptún
- Midsiuwske tsjerke, in bouwurk út de 13e iuw; yn dizze tsjerke in oargel út de 17e/18e iuw, boud troch A. Verbeeck, Arp Schnitger en Albertus Antoni Hinsz. It oargel is yn 1862 troch P. van Oeckelen fan de Pepergasthústsjerke yn Grins oerpleatst nei Peize.
- De wynmûne, soms Paiser Meul neamd, noch faak yn gebrûk foar mealen fan nôt, boud ein 19e iuw en mei in selsswichtsjend meganisme. Ten easten fan it doarp stiet in restaurearre Amerikaanske wynmotor
- Ten noarden fan it doarp, ûnder de reek fan de stêd Grins leit it natoergebiet de Peizer- en Eeldermieden
Peizerwold (2006)
Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Iepenlofstswimbad is yn de sechtiger jeirren boud en wurdt sûnt 1988 troch in grutte groep frijwilligers yn stân hâlden.
Bekende Nederlanners berne of wenjend yn Peize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Warmolt Tonckens (22 novimber 1848), jurist en gûverneur fan Suriname
- Wijtske van Dijk-Meindersma (Wânswert 11 febrewaris 1902 - Peize 10 novimber 2010), in skoftke de âldste ynwenner fan Nederland, ei it ferstjerren fan Bertha van Hasselt.
- Harmen Siezen, eks-nijslêzer.
- Gerard Kemkers, schaatstrainer en ex schaatser.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peize fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Noardenfjild | |
---|---|
Haadplak | Roan | | |
Oare kearnen | Altena | Alteveer | Feanhuzen | Ien | Ien-West | Langelo | Leutingewolde | Lieveren | Matsloot | Nietap | Nij-Roan | Noarch | Peest | Peize | Peizermade | Peizerwold | Roaneries | Roanerwâlde | Sandebuur | Steenbergen | Terheijl | Westervelde | Zuidvelde | | |
wizigje |