Springe nei ynhâld

Paiser Meul

Ut Wikipedy
Mûne fan Peize

Paiser Meul

mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Peize
adres Mounepaad 1
koördinaten 53°8' N 6°29' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 21,2 m
boujier 1898
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32145 (mûne) [1]
Webside
Side De Paiser Meul
Kaart
Paiser Meul (Drinte)
Paiser Meul

De Paiser Meul ('Mûne fan Peize') is in nôtmûne yn it Drintske doarp Peize.

De mûne waard boud yn 1893 of 1898 [2] yn opdracht fan in pear bakkers en boeren yn Peize. De bou fûn plak mei ûnderdielen fan 'e oaljemûne út 1845 fan Hofman út Enumatil. Sûnt it begjin hie de Paiser Meul selsswichting.

Yn 1955 rekke de mûne bûten bedriuw en sette it ferfal yn. Yn 1967 kochte de doedestiidske gemeente Peize de mûne, dy't de mûne yn 'e jierren 1971-1972 restaurearje liet. By in restauraasje yn 'e jierren 1970 ferlear de mûne it typyske Grinslânske oansjen. De mûne krige in âld-hollânsk wjuksysteem en de mei latten betimmere achtkant waard reiddutsen. Nei de restauraasje mealle de mûne weet foar de oanbuorjende bakker.

By de restauraasje yn 'e jierren 1980 binne de seilroeden wer ferfongen troch selsswichting.

De mûne is in achtkante boppekruier mei stelling. De ûnderbou is fan bakstien, de boppebou fan hout en is útsein de kape, dy't mei daklear beklaaid is, reiddutsen. De roeden hawwe in flecht fan likernôch 21,2 meter. De mûne hat twa koppels mealstiennen en in kammenluiwurk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. De boarnen binne net ienriedich oer it boujier fan 'e Paiser Meul: neffens Molens in Drenthe wie it boujier 1893, de side fan 'e mûne skriuwt oer boujier 1898. Ek de side fan 'e Molendatabase neamt as jiertal 1898