Springe nei ynhâld

Nietap

Ut Wikipedy
Lizzing fan Nietap yn de gemeente Noordenveld

Nietap is in doarp yn de gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte. It doarp grinzet oan it Grinslanner De Like.

Nietap kin beskôge wurde as it Drintske gedielte fan it doarp De Like. It hat syn bestean dan ek te danken oan it feit dat de jonkers fan Nienoard alles te fertellen hienen oer De Like, mar dat harren macht net fierder rikte as "de Leke", de grins mei Drinte. Hjirtroch ûntstienen yn it hjoeddeiske Nietap inkele gelegenheden dêr't it (yn De Like ferbeane) buorreltsje opnomd wurde koe. Men gie nei de 'Nije Tap', sa't de earste herberch hjir hjitte. Dizze namme is dêrnei oergien op dy fan it doarp.

It ienichste ryksmonumint is in wenhûs yn sobere klassisistysk tinte bakstienarsjitektuer út 1850 oan de J.P. Santeewei 16.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje