Jan Veninga
Jan Veninga (berne op 10 juny 1931 yn Nijesyl by Easthim, ferstoarn op 7 novimber 2007 yn Ljouwert) wie in Frysk musikus.
Jongerein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As jonge fan 11 jier learde Jan Veninga it oargelspyljen by de oargelist fan 'e Herfoarme tsjerke fan Drylts. Doe't er 13 wie mocht er foar it earst selsstannich oargelspylje by in tsjinst yn 'e tsjerke. Nei de oarloch folge er de ambachtsskoalle yn Snits en hy helle dêr syn diploma meubelmakker en masjinale houtbewurking, in fak dat letter fan pas komme soe by de bou fan ynstruminten. Yn dy tiid krige er oargelles yn 'e Boalserter Martinytsjerke en mei't er 17 waard waard er oargelist yn de Boalserter Bruorretsjerke.
Boalsert/Snits
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn oargellessen gyngen dêr troch, mar ûndertusken joech er sels ek oargelles oan bern. De gemeente Boalsert woe graach in eigen muzykskoalle en bea Veninga oan om dêr direkteur fan te wurden, as er dan ek syn learlingen safolle mooglik yn 'e nije muzykskoalle ûnderbrocht. Sa waard Veninga oant 1959 de earste direkteur fan 'e Boalserter muzykskoalle.
Jan Veninga studearre sûnt 1952-1953 oant it konservatoarium yn Utert en wurke ûnderwilens ek as muzykdosint oan 'e Snitser kweekskoalle. Om't er lieding oan ferskillende koaren joech, woe er earst de oplieding koardireksje folgje, dêr't er yn 1957 it diploma fan helle. Twa jier letter foltôge er de oplieding skoallemuzyk. Yn dy tiid wie Veninga dus direkteur fan 'e Boalserter muzykskoalle, muzykdosint oan 'e Snitser kweekskoalle en studint fan it konservatoarium yn Utert.
Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Veninga troude yn 1957 mei Janke Feenstra en yn 1959 waard er muzykdosint oan 'e herfoarme J.Th. de Visserkweekskoalle (Marïenburg) yn Ljouwert en wat letter ferhuzen hja nei de Huzumerleane yn Ljouwert. Likernôch tagelyk waard Veninga beneamd ta oargelist fan 'e herfoarme Opstanningstsjerke yn Ljouwert. Mei studinten fan dy skoalle sette Veninga de Ljouwerter Kantorij op, dat no it Fokaal Ensemble Ljouwert hjit. Yntusken studearre Jan Veninga ek wer oargel, wêrfoar't er yn 1966 steatseksamen by Cor Kee die. Sûnt de jierren 1970 folge er ek klavesimbellessen by Ton Koopman. Dy lessen brochten by him ek syn niget oan it bouwen fan ynstruminten werom. Veninga hie eartiids graach oargelbouwer wurde wollen, mar it wie dêr net fan kommen en yn dy tiid boude er sels in klavesimbel.
Yn 1973 waard Veninga tegearre mei syn fakkollega Piet Post dosint oan 'e nije Muzyk-Pedagogyske Akademy fan Ljouwert, dêr't er koardireksje dosearre. Veninga bleau oant 1988 dirigint fan 'e Ljouwert Kantorij. Ek wie er dirigint fan 'e Dokkumer Bonifatiuskantorij (1977-1991), de Ljouwerter Bachferiening (1980-1985) en it Mingd Koar Grou (1986-2000).
De Muzyk-Pedagogyske Akademy fan Ljouwert waard yn 1983 ûnderdiel fan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) en krige doe de status fan konservatoarium. Yn 1989 waard tusken Wiegel en Vonhoff it saneamde Heareakkoard sletten, dat in nije taakferdieling fan it hegere ûnderwiis en de kulturele foarsjennings yn 'e provinsjes Fryslân en Grinslân ynhold. Dat Heareakkoard bestjutte in grut ferlies foar de Fryske muzykkultuer, lykas it opdoeken fan it Frysk Orkest en ek it ferlies fan it Ljouwerter konservatorium oan it Grinzer konservatoarium.
Nei't Veninga mei pensioen gie, waard er oargelist fan de Herfoarme tsjerke fan Reduzum. Jan Veninga hie in soad niget oan Skandinavyske muzyk en skreau út de Finske folksmuzyk in pear Fryske arranzjeminten. Ek hat er in soad Fryske arranzjeminten út it Liedboek voor de Kerken skreaun.
Yn 2001 joech de útjouwer Intrada Muziekuitgave de bondel Liber Amicorum, Liber Musicorus Jan Veninga út, in samling koarwurken komponearre troch âld-studinten, kollea's en freonen , dy't hja Veninga yn it ramt fan syn 70e jierdei oanbeane.
Jan Veninga ferstoar op 7 novimber 2007 yn Ljouwert.
Lûdsopname's mei wurk fan Veninga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klanken fan Fryske grûn (Frigram FGCD 536)
- Mingeling (ITD 9702.3)
Oar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film De Overval komt in sêne foar mei oargelmuzykl. De oargelmuzyk waard troch Jan Veninga spile op it oargel yn 'e Grutte Tsjerke fan Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |