De Overval (film)
De Overval is in Nederlânske swart-wytfilm út 1962, produsearre troch Rudolf Meyer en regissearre troch Paul Rotha. It is ien fan de súksesfolste films yn de Nederlânske sinema mei sa'n 1.474.000 besikers.[1] It hat as ynternasjonale titel The Silent Raid.
Lou de Jong skreau it senario op basis fan it Herinneringsalbum dat yn 1945 útkommen wie by de earste betinking fan 'e kreak, de oerfal op 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert, in barren dat wol ta de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch rekkene wurdt. Yn WOII wiene wol 80 befrijingsaksjes út finzenissen.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is 8 desimber 1944. Yn it Hûs fan Bewar yn Ljouwert liket alles rêstich, mar it is bedroch. In groep Nederlânske fersetslju sil 51 fan harren fersetsmaten op spektakulêre wize befrije.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2019 brocht skriuwer Hessel de Walle by de 75-jierrige betinking it boek De Mannen van de Overval út mei libbenbeskriuwingen fan alle 26 dielnimmers. Yn 2022 kaam syn biografy fan Piet Oberman - de lieder by de Oerfal - út ûnder de titel Piet Oberman De man en de mythe. Yn beide boeken is wiidweidich omtinken foar de film.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rob de Vries: Piet Oberman alias Piet Kramer
- Kees Brusse: Ynspekteur Bakker (basearre op Jurjen Dreeuws)
- Yoka Berretty: Mies (Diny Sprock)
- Jan Blaaser: Gerard Reeskamp, alias Harry
- Hans Culeman: Grundmann
- Frans Kokshoorn: Walther
- Christine Schouten: Grundmann syn sekretaresse
- Els Bouwman: Frou Lammers
- Piet Römer: Eppie Bultsma
- Thera Verheugen: Jannie Bultsma
- Sacco van der Made: Keapman
- Chris Baay: Vos
- Bernhard Droog: Jellema
- Pieter Lutz: plysje Turksma
- Hans Boswinkel: Wim Douma (Willem Stegenga alias Wim Boersma)
- Riek Schagen: Mem fan Wim
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ――, "Bevrijding", 8 December 1944: Herinneringsalbum van de "Overval" op de Strafgevangenis, Ljouwert, 1946 (Prov. Lieding f.d. Fryske K.P.), gjin ISBN.
- Jong, Loe de, De Overval, Amsterdam, 1962 (Querido), gjin ISBN.
- Schoots, Hans, Bert Haanstra. Filmer van Nederland, s. 131-143, Amsterdam 2009 (Mets & Schilt), ISBN 978 90 5330 666 6.
- Walle, Hessel de, De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599.
- Walle, Hessel de, Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânske histoaryske film
- Nederlânske oarlochsfilm
- Nederlânske swart-wytfilm
- Histoaryske oarlochsfilm
- Nederlânsktalige film
- Film út 1962
- Net-Fryske film mei in Frysk tema
- Film oer it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich
- Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika
- Film oer de SD
- Film oer in besetting
- Film basearre op wiere foarfallen