Springe nei ynhâld

Rob de Vries

Ut Wikipedy
Rob de Vries
akteur
Rob de Vries yn de rol fan Jean yn it telefyzjespul "Nacht en Gramschap", 1960 Fotograaf: Lindeboom, Henk /Anefo
Rob de Vries yn de rol fan Jean yn it telefyzjespul "Nacht en Gramschap", 1960
Fotograaf: Lindeboom, Henk /Anefo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Abraham de Vries
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1918
stoarn 1969
jierren aktyf 1937–1969

Rob de Vries, wiere namme Abraham de Vries (Amsterdam, 9 juny 1918 – dêre, 9 july 1969), wie in Nederlânske akteur en fersetsstrider.

De Vries syn akteardebút wie yn 1938 yn it toanielstik De Wrekende God fan toanielskriuwer Eduard Veterman.

Yn de Twadde Wrâldoarloch sleat De Vries him oan by it ferset. Hy makke diel út fan de fersetsploech Luctor et Emergo, dy't ferantwurdlik wie foar it ferfalskjen fan zo'n twatûzen persoansbewizen en help bea oan delstoarte alliearde piloaten. De Vries holp ek by de ûntsnapping fan joadske bern út de Hollandsche Schouburg, it de sammelplak fan oppakte joaden dy't nei Kamp Westerbork oerbrocht waarden. De fersetsploech, ek De Vries, waard yn 1943 foar it grutste part oprôle. De Vries waard by it proses yn july 1944 frijsprutsen om't Eduard Veterman bewiislêst weiwurke troch it op te iten. Dochs kaam er yn it earstoan net frij. Op de Mâle Tiisdei hiene de Dútsers gjin ferfier foar De Vries. Hy waard troch dronken wachten yn Utert, dêr't er opsluten siet, foar dea op'e dyk benefterlitten. Hy rekke dêrnei wer belutsen by it ferset.

F.l.n.r. Hans Tiemeijer, Bernhard Droog en Rob de Vries yn it telefyzjespul "De Vuurtorenwachter" (1962)

De Vries, dy't der sels fan joadsk komôf wie, slagge it yn 1943 op persoanlike titel en help syn freondinne Hannelore Cahn út Kamp Westerbork ûntkomme te litten. Hy fermomme him as treinranzjearder en mei help fan de Drintske masinist ried er mei de posttrein Kamp Westerbork yn. Under lege sekken ferskûle ried syn ferloofde mei nei bûten ta. Nei in pear wike kaam Cahn lykwols frijwillich werom nei Westerbork. Kampkommandant Albert Konrad Gemmeker kaam syn tasizzing nei dat Cahn net op transport set wurde soe as se frijwillich weromkaam nei it kamp. Hja troude letter mei ien fan de leden fan de Joadske oarderdtsjnst.

Nei de oarloch spile De Vries ûnder mear yn de films Een koninkrijk voor een huis, Ciske de Rat, De Laatste Passagier en De Overval en yn de toanielstikken De wereld heeft geen wachtkamer, Billy Bud, Peer Gynt en Het dagboek van Anne Frank. Ek die er mei oan ferskate harkspulen.
Fan 1961 oant syn dea yn 1969 wie De Vries direkteur fan it Nieuw Rotterdams Toneel. Earder wie er direkteur fan de Arnhimske toanielgroep Theater.

De Vries is de heit fan de akteurs Edwin de Vries en Bart de Vries. Hy stoar yn july 1969 yn de âldens fan 51 jier yn it Wilhelmina Gasthûs yn Amsterdam.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: