Jurjen Dreeuws

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jurjen Dreeuws
Jurjen Dreeuws 1935.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jurjen Dreeuws
oare namme 'ynspekteur Bakker'
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 20 septimber 1905
berteplak Noardbroek (Grinslân)
stoarn 31 jannewaris 1984
stjerplak Oegstgeast (Súd-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
reg. identiteit Intersaksische vlagge 3.svg Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt plysjeman
aktyf as fersetsman
jierren aktyf ±19251970
reden
  bekendheid
lieder ferset yn Ljouwert
prizen Fersetskrús
Oarder fan Oranje-Nassau

Jurjen Dreeuws (Noardbroek, 20 septimber 1905Oegstgeast, 31 jannewaris 1984)[1] wie in Nederlânsk plysjeman fan Grinslânsk komôf. Hy waard bekend as ien fan 'e lieders fan it ferset yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert ûnder de Twadde Wrâldoarloch.[2]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dreeuws waard yn 1905 berne yn it Grinslânske Noardbroek as de soan fan Hilko Dreeuws en Klaassiena de Vries.[3] Hy gie by de plysje en klom dêr op oant er yn 1934 beneamd waard ta ynspekteur by de Gemeenteplysje fan Ljouwert.[4] Dreeuws troude yn 1935, doe't er 29 jier wie, mei Pieterdina Hinderika Bettenbroek (1907-1996) út Skeemda, mei wa't er fjouwer bern krige.[3]

Under de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Dreeuws him ûnder de skûlnamme 'ynspekteur Bakker' ta ien fan 'e lieders fan it ferset yn 'e provinsje Fryslân.[2] De Dútsers krigen dêr lykwols lucht fan, en pakten him op. Hy kaam finzen te sitten yn 'e Blokhúspoarte te Ljouwert, dêr't er troch de SD oanhâldend martele waard om ynformaasje fan him los te krijen. Dreeuws, dy't genôch nammen en plakken yn 'e holle hie dat de Dútsers dêrmei it ferset yn Fryslân lamslein hawwe koene, briek lykwols net, mar wist fol te hâlden oant er rêden wurde koe.[2]

Op 8 desimber 1944 wie Dreeuws nammentlik ien fan 'e 51 finzenen dy't troch it ferset by de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert ûnder lieding fan Piet Oberman befrijd waarden.[2] (Dy nuodlike operaasje waard yn 1962 ferfilme as De Overval, wêrby't de rol fan Dreeuws fertolke waard troch akteur Kees Brusse.) Neitiid moast Dreeuws oant de ein fan 'e oarloch ûnderdûke.[2][3]

Fan 1945 oant 1946 wie Dreeuws wer ynspekteur fan plysje te Ljouwert.[4] Dêrnei waard er beneamd ta kommissaris fan 'e Gemeenteplysje yn Leien, wat er bliuwe soe oant syn pinsjonearring yn 1970.[3][4] Foar syn dieden yn 'e oarloch waard him it Fersetsbetinkingskrús takend. Dreeuws wie ek ofsier yn 'e Hûsoarder fan Oranje, ofsier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en ofsier yn 'e Oarder fan de Republyk Tuneezje.[3] Hy kaam yn 1984 yn 'e âlderdom fan 78 jier yn it Súdhollânske Oegstgeast te ferstjerren.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte- en stjertedata en -plakken fan Jurjen Dreeuws op TracesOfWar.nl.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Artikel oer de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert op www.Go2War2.nl.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 Biografyske en geneälogyske ynformaasje oer Jurjen Dreeuws op GenealogieOnline.nl.
  4. 4,0 4,1 4,2 Europeana.eu oer Jurjen Dreeuws.