Skoattertsjerke

Ut Wikipedy
Skoattertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Aldskoat
adres Skoatterlânskewei 24
koördinaten 52° 56' N 5° 57' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1752
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21197
Webside
Side PKN It Hearrenfean
Kaart
Skoattertsjerke (Aldskoat)
Skoattertsjerke

De Skoattertsjerke is ien fan'e twa tsjerken fan 'e Protestantske Tsjerke yn Aldskoat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke út 1615. troch Andries Schoemaker

De hjoeddeiske sealtsjerke ferfong in tsjerke mei sealtektoer út 1610 en waard op 26 novimber 1752 yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn opdracht fan Menno Coehoorn fan Scheltinga, grytman fan Skoatterlân, boud. Boppe de yngong is in gevelstien oanbrocht.

De kânsel is yn Loadewyk XIV-styl útfierd. De klok út 1758 waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de besetter foardere.

Yn 2002 waard by gelegenheid fan it 250 jierrich jubileum yn twa finsters brânskildere glês oanbrocht. Yn 2007 waard it houten tuorke restaurearre. By dat wurk waard ûntdutsen dat it hout fan 'e hiele tsjerke troch houtwjirm en de hûsboktor oanfretten wie. Foar de restauraasje waard troch de gemeente It Hearrenfean ekstra jild beskikber steld.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Willem Hardorff, dat yn 1871 boud is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skoattertsjerke fan Wikimedia Commons.