Keatsferiening De Helfrichs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Keatsferiening De Helfrichs
Kaatsvereniging De Helfrichs
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd keatsen
fêstige yn Kimswert (Fryslân)
oprjochte 1897
offisjele webside
K.F. De Helfrichs op Facebook

Keatsferiening De Helfrichs (Nederlânsk en offisjeel: Kaatsvereniging De Helfrichs) is Fryske keatsklub út it doarp Kimswert, yn it noarden fan it eardere Wûnseradiel. De feriening waard oprjochte yn 1897 en fierde sadwaande yn 1997 syn hûndertjierrich bestean.

Keatst waard der yn Kimswert oant yn 'e 1980-er jierren op 'e finne, in stik greidlân oan 'e strjitte de Streek. Sawol manlike as froulike keatsers klaaiden har doedestiden om yn 'e byhearrende pleats. Benammen yn 'e tiid dat de Harnzer keatser Hotze Schuil foar master opsloech, teach der by sokke keatspartijen in protte folk nei Kimswert.

Nei't de keatsferiening nei in nij ûnderkommen oan 'e Harnzerwei ferfearn wie, waard der op 'e finne in wente boud, sadat keatsen mei in lytse bal der net mear mooglik is. Mar keatsen mei in sêfte bal kin noch wol. Yn 2014 waard dêrom troch Keatsferiening De Helfrichs foar it earst de saneamde Finnepartij organisearre, dy't in grut súkses wie. Yn 2018 folge in twadde edysje, dy't op snein 17 juny ferkeatst wurdt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: