Grytsje Kingma

Ut Wikipedy
Grytsje Kingma
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1964
berteplak Kimswert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Frysk
ynstrumint stim, gitaar
jierren aktyf 1990 - no

Grytsje Kingma-Zantema (Kimswert, 1964), is in Fryske sjongster út Sint Jansgea.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se groeide op yn Kimswert as jongste dochter fan skoalhaad en meiwurker fan de Afûk Adam Zantema. Op har tolfde ferhuze de húshâlding nei Frjentsjer. Se wenne dêrnei yn Baarn en Ljouwert, en mei har man yn Grou en Kollum en no yn Sint Jânsgea.

Se begûn op har fjirtjinde mei gitaarspyljen, omdat se harsels by it sjongen graach begeliede woe. Se hat dêrnei yn allerhanne groepkes spile en songen. Nei de skoallemienskip Simon Vestdijk die se HBÛ Ynrjochtingswurk mei spesjalisaasje Muzyk yn Baarn en wie aktiviteitenbegeliedster by in deiferbliuw foar minsken mei in ferstanlike beheining yn Reduzum. Op har 25e kaam de tiid fan húshâlding en wurk, dêrnei pakte se de muzikale tried wer op.

Grytsje Kingma
Grytsje Kingma

Sjonge, gitaarspylje, dirigearje, skriuwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se folge yn 2002 sjonglessen en kursussen foar amateur-koar-dirigint yn De Rinkelbom by Gerben van der Veen. Yn 2003 sette se út ein mei it âldereinkoar fan Heremastate op It Hearrenfean, yn 2006 folge frouljuskoar Brûzenije op De Jouwer. Yn 2005 begûn it muzyktrio Skarnoaten (mei Lammert Mink en Pier de Wilde), dêr't se by song en gitaarspile oant de simmer fan 2010. Fierder hat Kingma yn ferskillende koaren en projektkoaren songen. Ein 2008 folge se in kursus lietteksten by Tresoar en stuts har ljocht op by Jurjen van der Meer út Terkaple en lei har ta op it meitsjen fan eigen Fryske lieten.

Mear as 20 eigen lieten ûntstienen doe. Inkelden binne makke foar Fersefariaasje (it boekje mei foardraachgedichten dat brûkt wurdt by FeRstival, de foardraachwedstriid foar bern yn it fuortset ûnderwiis). Ien gedicht is opnommen yn de Lyrische Courant fan de Ljouwerter krante (april 2009). Ek wurdt der wolris in gedicht pleatst yn De Fleanende Krie, it blêd fan de KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek). Sa út en troch makket se by gedichten fan Atze Bosch in meldij.

Se hat meidien yn de oersettersgroep fan it Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE), dy’t dwaande west hat mei oersettingen fan lieten foar it nije Liedboek voor de Kerken, dat yn 2012 ferskynd is. Tegearre mei Atze Bosch hat se dwaande west mei oersettingen út de Evangelische Liedbundel. Hja treedt allinnich op, mar ek tegearre mei de Switserske fioelist Rob du Jardin út Amsterdam. Ferskate lieten binne ek op Youtube te finen. Grytsje Kingma sjongt yn it Frysk en ûnderhaldt kontakten mei de Ried fan de Fryske Beweging.

In soad ûnderfining die se op troch de feriening foar Fryske folksmuzikanten Tsjoch. Sa wiene der bygelyks optredens foar Tsjong, en se die mei oan Tsjochkonserten en de Tsjochfestivals. Fierders hat se redaksjelid west fan "Tsjochnijs".

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maaie 2010 waard har earste cd "Wjerlûd" presintearre, in skiif mei 15 eigen lieten oer hiel ferskillende ûnderwerpen. Hjirop is ek by in tal lieten de fioele fan Rob te hearren. By guon oare lieten spilet Wil van Eekeren út Grins mei, mei blokfluiten, toetsen en fokale perkusje.

Op it yn novimber 2011 ferskynde 'Wytfear' kiest Grytsje lieten mei tige útienrinnende ûnderwerpen: se springt linich fan it nijste Fryske wurd ('hipperhapke') nei in ynbannich liet oer see en strân. De ballade fan Eelkje (fan “De smearlappen” fan Anne Wadman) wurdt ôfwiksele mei in liet oer har favorite waarman. Dan is der in liet oer har bertedoarp Kimswert en sjocht mei mingde gefoelens dat it der allegearre no hiel oars útsjocht as yn har bernetiid. Har fersy fan it liet Halleluja, it tige bekende nûmer fan Leonard Cohen, hat se in eigen tekst op makke. Twa lieten binne fan dichter/oersetter Atze Bosch. Mei him hat se nau gearwurke by it meitsjen fan har eigen teksten, mar se makket ek wol meldijen by gedichten fan him. Tagelyk wie de presintaasje fan "Tûzen dagen", in bondel mei 52 lietteksten en gedichten dy’t hja makke yn ’e tûzen dagen tusken novimber 2008 en augustus 2011.

  • 2011 - Wytfear
  • 2011 - Tûzen dagen, lietteksten
  • 2010 – Wjerlûd
  • 2010 – It liet “Krysttiid sûnder dy” op de cd “Kryst yn Fryslân” (Spanrecords)
  • 2010 – Twa lieten op “Oer it wetter”: “Wetterdripke op reis” en “It lân by de see” (cd-projekt op inisjatyf fan Tryntsje van der Veer yn ‘e mande mei Tresoar)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]