Springe nei ynhâld

Pikmar

Ut Wikipedy
Pikmar mei Skûtsje fan Grou
Pikmar en Grou fanút de loft

De Pikmar is in mar oan de eastkant fan Grou, yn de gemeente Ljouwert. Pikmar komt fan it wurd pik, in goede turfsoarte.

Troch de mar rint it Prinses Margrietkanaal dat ferbining jout mei Ljouwert en Snits. Fia de De Tynje is de Pikmar ferbûn mei de Peanster Ie en fierder nei de Sitebuorster Ie. Fia de Neare Burd stie de mar yn ferbining mei de Wide Burd en ek wer fierder nei de Sitebuorster Ie, mar yn de Neare Burd lizze no dûkers. Oan de noardkant fan Grou komme de Grou, de Bosksleat, de Wide Galle, De Geau en de Pikmar byelkoar. Yn de mar lizze it Grutte Eilân en it Lytse Eilân.

De Pikmar is ûntstien as in ferbreding fan in feart fan Grou nei it easten. De mar wurdt fieden troch de Kromme Grou en wettert ôf yn de Wide Ie.

Yn de Pikmar lizze trije eilannen. Ien dêrfan is bewenne en op in oare stiet in kapeltsje.

Tegearre mei de Wide Ie foarmet de mar no it drokste wettersportgebiet fan Fryslân. Under oaren wurde hjir de iepeningswedstriden fan it SKS Skûtsjesilen hâlden.

De Pikmar is yn Nederlân bekend wurden trochdat in amtner ferfolge waard foar it stoarten fan fersmoarge baggerspeesje yn de mar. De rjochtssaak hjiroer rûn út op in arrest. Dit hold yn dat amtners net ferfolge wurde kinne foar harren hannelingen, it saneamde Pikmararrest.