Sitebuorster Ie
Appearance
De Sitebuorster Ie is in mar op de grins fan de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân. De mar is it stik fan de Wide Ie besuden Sytebuorren en is middels de eastlik rinnende Krûme Ie ferbûn mei De Feanhoop. Op de súdlike ouwer leit It Eilân.
De namme Sitebuorster Ie jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sitebuurster Ee.