Jiskenhúster Mar

Ut Wikipedy

De Jiskenhúster Mar is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. De mar leit besuden Teroele en west fan Jiskenhuzen. De mar stiet yn ferbining mei it Prinses Margrietkanaal en troch de Jiskenhúster Feart komt men yn Jiskenhuzen.

De namme Jiskenhúster Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Idskenhuistermeer.