Strjitten yn Eastermar

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Strjitten fan Eastermar)
Jump to navigation Jump to search
Boerestreek 6 It Heechsân
Boerestreek 6 It Heechsân
Boerestreek 6 It Heechsân
Boerestreek 6 It Heechsân
Elte Martens Beimastrjitte 46
Elte Martens Beimastrjitte 43
Elte Martens Beimastrjitte 12 en 10
Elte Martens Beimastrjitte 10
Elte Martens Beimastrjitte 2
Grutte Hornstwei 16 It Heechsân
Seadwei 6 It Heechsân
Skûlenburgerwei 5 It Heechsân
Swartewei 2
Toerleane 12 It Heechsân
Toerleane 11 It Heechsân
Toerleane 1 It Heechsân

De Strjitten yn Eastermar:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Achterwei -
  • Achttienenwei - Mei ‘Achttien’ wurdt in âlde flaktemaat bedoeld. Mooglik hjir de ‘Brede Achttien’ neamd om’t it perseel earder in wat breder as in smel formaat hat.

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Biltreed - sjoch by: Biltwei
  • Biltwei - It Bilt is in leechlizzend greidegebiet, ynsletten troch de Lits en de noardlike takke, de Alde Lits (Kattegatsterwyk). It Bildt wie fanâlds in ‘miensker’, yn gebrûk foar it weidzjen fan fee troch de mienskiplike eigners. In ‘skar’ is in eigendomsoandiel yn in mienskar, dat rjocht jout om in simmerhealjier yn dy miensker in folwoeksen ko weidzje te litten. It Bilt waard yn 1855 ûnder de rjochthawwenden ferdield. Hoe’t dat yn syn wurk gie is te lêzen yn it boek fan E. Bosma, ‘Buitengewoon Gewoon’, side 344 e.f. It komôf fan it wurd ‘Bilt’ soe yn oarsprong itselde wêze kinne as dy fan de gemeente It Bilt: it opbolle, dat wol sizze it oanslike lân. Yn dit gefal soenen dan beide takken fan de Lits dizze oansliking feroarsake ha.
  • Binnenflietpaad - Nei de dobbe Binnenfliet. Gerspaad lâns beamwâl tusken Lange Geastleane en Joereleane.
  • Blauhûskamp - Yn 1735 stie hjir in pleatske, dat ‘It Lyts Blauhûs’ neamd waard. Tinklik waard nei ôfbraak dit perseel beboske, mooglik troch de famylje van Sminia, dy’t sûnt 1735 it fuortby lizzende ‘Driezigt’ bewenne. B.R. Veltman skriuwt yn ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 106: “Nog lang heeft op de Blauwhuiskamp een schuur gestaan, die eenmaal als volière (vogelkooi) dienst deed; voor 1850 was zij al verdwenen.’
  • Boerestreek - hjir stienen in soad pleatsen oan.
  • Borstleane - De Lytse Boarst, De Grutte Boarst en De Boarst wiene trije persilen lân dy't by mekoar ‘De Boarsten’ neamd waarden. De namme ‘de Boarst’ komt al yn de 18e iuw foar, de Boarstleane wurdt al yn 1738 neamd. De namme giet tebek op ‘borst’, in wurd dat in Yndogermaanske basisbetsjutting hat dat ‘opset, opswolle’ sizze wol. Dus de ferklearring is: in omheech geand, gloaiend stik grûn. En wa’t ris om him hinne sjocht op’e Boarstleane, sjocht ek dúdlik in hichteferskil mei oare stikken lân dy’t dêr lizze.
  • Boskkamp - it persiel lân hat earder mei bosk begroeid west. Tinklik wie dit it gefal al sûnt de 16e en 17e iuw, doe’t de famylje van Haersma it neistlizzende ‘Blauhûs’ bewenne. Beboskjen jildt foar mear perselen.
  • Boskwei - Oan wjerskanten fan de Joereleane kaam oant yn de 20e iuw in soad bosk foar. Oan de noardkant leinen de perselen de ‘Lytse Bosk’ en de ‘Grutte Bosk’. In oar persiel hjitte ‘Wyldebosk’ en is mooglik in ferwizing nei it feit dat dit stik lân sa ticht oergroeid wie mei beammen en strewelleguod, dat it mar muoisum tagonklik wie.
  • Bûtlânsreed - It Lyts Bûtlân en It Grut Bûtlân as ferkoarting fan ‘It Bûtenlân’ komme foar yn de Floreenkohieren fan 1838, dêr’t se neamd wurde as neistlizzers fan de Stripe, it Harkelân en de Sapekamp. Oan de ferdieling yn 1911 ta wie it in miensker en waard dus mienskiplik troch in tal rjochthawwenden beweide. Tegearre waarden it Lyts en Grut Bûtlân ek wol ‘It Tsjerkebûtlân’ neamd, nei de tsjerklike eigendomsrjochten fan de Herfoarme Tsjerke fan Eastermar.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ds A W Buningwei = Snakkerbuorren -

E[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • E M Beimastrjitte - stjerrekundige, wiskundige en bibliofyl Elte Beima út Eastermar

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Grienewei - ferbynt de Boskwei mei de Seadwei.
  • Grutte Hornstwei - Yn 1720 hat it ‘Register van Onderhoudsplichtigen’ fan wegen yn Eastermar it oer in 'bouwcamp op de Harste'. It Floreenregister fan 1738 makket melding fan ‘Twee ackers bouwland op het Harstepad, eigendom van Juffr. Anna Poutsma.’ It sil dus sa wêze dat de oarspronklike namme fan dizze lannen de ‘Harste’ west hat (ferlykje de ‘Harste’ yn Sumar). De nammen ‘Hazzepaden’ of‘Haspaden’ dy’t ek foarkomme, binne dus in ferbastering fan Harste- of Harstpaden. It Harstepaad is dus it paad dat oer de Harste rint. It oarspronklike Harstepaad rûn fan de steech tusken de adressen E.M. Beimastrjitte 31 en 33 ôf dwers oer de lannen 14 o/m 20. It is praktysk ferdwûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte it Harstepaad. Mar der wienen mear paden oer de Harste, sawol nei it noarden ta (de Middelwei) as nei it súdeasten, nei de pleats de Grutte Hoarnst, dêr’t earder Haersma-State stie. Ek de namme Haersma is te sjen as ‘bewenners fan de Harste’. De wurden ‘Harste’ en ‘Hornst’ komme dus njonken inoar foar, mei de betsjutting ‘in mei strewelleguod bewoeksen, heger lizzend stik lân.’

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Harstepaad - Yn 1720 hat it ‘Register van Onderhoudsplichtigen’ fan wegen yn Eastermar it oer in 'bouwcamp op de Harste'. It Floreenregister fan 1738 makket melding fan ‘Twee ackers bouwland op het Harstepad, eigendom van Juffr. Anna Poutsma.’ It sil dus sa wêze dat de oarspronklike namme fan dizze lannen de ‘Harste’ west hat (ferlykje de ‘Harste’ yn Sumar). De nammen ‘Hazzepaden’ of‘Haspaden’ dy’t ek foarkomme, binne dus in ferbastering fan Harste- of Harstpaden. It Harstepaad is dus it paad dat oer de Harste rint. It oarspronklike Harstepaad rûn fan de steech tusken de adressen E.M. Beimastrjitte 31 en 33 ôf dwers oer de lannen 14 o/m 20. It is praktysk ferdwûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte it Harstepaad. Mar der wienen mear paden oer de Harste, sawol nei it noarden ta (de Middelwei) as nei it súdeasten, nei de pleats de Grutte Hoarnst, dêr’t earder Haersma-State stie. Ek de namme Haersma is te sjen as ‘bewenners fan de Harste’. De wurden ‘Harste’ en ‘Hornst’ komme dus njonken inoar foar, mei de betsjutting ‘in mei strewelleguod bewoeksen, heger lizzend stik lân.’
  • Healewei - sânpaad fan healwei de Seadwei nei healwei de Swartewei.
  • Heidbuertwei - Yn de Floreenkohieren fan 1700 wurde al (yn kultuer brochte) ‘Heidcampen en Heidlanden’ neamd. Utsoarte waard de heide (eastlik fan de buorren fan Eastermar en it Heechsân) net yn ien kear, mar stadichoan yn kultuer brocht. It wurd ‘heide’ komt yn alderhande kombinaasjes foar. Inkelde foarbylden binne – njonken de Heidkamp - de Heidenen de Heidens. Heidkamp komt ek foar yn kombinaasje mei nammen fan eigners, sa as Gabe Heidkamp, Auke Heidkamp, Roanes Heidkamp. Ek kombinaasjes dy’t mei lizzing, foarm en ôfmjitting te krijen ha komme foar: Foarste Heidkamp, Lange Heidkamp, Grutte Heidkamp, Lytse Heidkamp
  • Heechsân -

I[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It Hof = E M Beimastrjitte -
  • It Leech - it oanlizzend stik grûn (oarspronklik besteande út twa perselen) leit leech yn ferliking mei de omlizzende grûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte It Leech.
  • Yndustrywei -
  • It Oerset - eartiids de koartste ferbining tusken Eastermar en De Rottefalle.

J[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Joereleane -De Joerekamp (en ek de mear eastlik lizzende lannen oan de Joereleane, dy’t ‘De Joerekampen’ hjitte) hearre by de Joerepleats (hjoeddeisk adres Joereleane 1). Veltman skriuwt hjiroer yn syn boekje ‘Oostermeer geschiedkundig beschreven’ op side 29 dat de Joere fanâlds bestie út twa pleatsen, wêrfan’t de noardlike om 1735 hinne ôfbrutsen waard. Op de kaart fan Schotanus-Halma út 1718 binne dy twa buorkerijen noch yntekene. Veltman spekulearret op side 94 oer de fraach oft op de Joere yn in fierder ferline in (aadlike) stins stien hat.
  • J. Wiersmawei -

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kroesepaad -

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lege Leane - rint fan it Heechsân ôf
  • Lytse Healwei - sânpaad tusken de Healwei en Heidbuertwei (ek wol lytse Seadwei neamd).
  • Lytse Hornstwei - Yn 1720 hat it ‘Register van Onderhoudsplichtigen’ fan wegen yn Eastermar it oer in 'bouwcamp op de Harste'. It Floreenregister fan 1738 makket melding fan ‘Twee ackers bouwland op het Harstepad, eigendom van Juffr. Anna Poutsma.’ It sil dus sa wêze dat de oarspronklike namme fan dizze lannen de ‘Harste’ west hat (ferlykje de ‘Harste’ yn Sumar). De nammen ‘Hazzepaden’ of‘Haspaden’ dy’t ek foarkomme, binne dus in ferbastering fan Harste- of Harstpaden. It Harstepaad is dus it paad dat oer de Harste rint. It oarspronklike Harstepaad rûn fan de steech tusken de adressen E.M. Beimastrjitte 31 en 33 ôf dwers oer de lannen 14 o/m 20. It is praktysk ferdwûn. De namme is oergien op de nijboustrjitte it Harstepaad. Mar der wienen mear paden oer de Harste, sawol nei it noarden ta (de Middelwei) as nei it súdeasten, nei de pleats de Grutte Hoarnst, dêr’t earder Haersmastate stie. Ek de namme Haersma is te sjen as ‘bewenners fan de Harste’. De wurden ‘Harste’ en ‘Hornst’ komme dus njonken inoar foar, mei de betsjutting ‘in mei strewelleguod bewoeksen, heger lizzend stik lân.’
  • Lytse Seadwei - sjoch Seadwei
  • Lange Geastleane - ferbynt de Boskwei mei It Heechsân.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mâlewei - ferbynt de Swartewei met It Oerset.
  • Miedwei -
  • Mienskerwei - in mienskar of miensker wie in stik lân dat yn gebrûk wie foar it weidzjen fan fee troch de mienskiplike eigners.
  • Middelwei - sânpaad tusken de Achterwei en de Toersleane
  • Mounekamp - om’t der ea in (lytse) mûne stien hat, bygelyks in tsjasker.
  • Mûntsegroppe - fan oarsprong in ferbining tusken it Buwekleaster (Achtkarspelen) en it kleaster op Smelle Ie (Smellingerlân).

N[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nije Hoarnstleane - sjoch: Harstpaden

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Piter Jehanneswei -

R[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Robyntsjewei -

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Seadwei - mooglik waarden fan in stik lân seadden foar spitketen stutsen.
  • Skoalstrjitte -
  • Skûlenboargerwei - wei rjochting Skûlenboarch
  • Snakkerbuorren - wei nei Snakkerbuorren
  • Spoekeleantsje - gerspaad lâns beamwâl tusken de Grienewei en de Lange Geastleane.
  • Sumarderwei - de wei nei Sumar
  • Sytskelân = E M Beimastrjitte-noard - fan Sytske Roelofs Bosma, berne yn 1776, frou en widdo fan Michiel Jans Bron, herbergier yn de herberch ’s Lands Welvaren. De heit fan Michiel, Jan Michiels, troud mei Etsje Piters, kocht de herberch begjin 1763. Syn soan naam de saak oer. Michiel makke syn testamint op 21 maaie 1814 en ferstoar op 23 augustus 1814. Sytske waard doe selsstannich ‘kasteleinsche’. Hja testaminte op 15 maart 1848. Der wienen gjin bern, dus it hiele besit – Sytske hie frij folle lân yn ‘e omkriten – gyng nei har dea yn 1861 nei omke- en muoikesizzers.
  • Swartewei -

T[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Teye Tolstrjitte - Teye Tol wie blauferver en wûndergenêzer.
  • Tillepaad -
  • Toerleane - rint nei de tsjerketoer fan Eastermar
  • B R Veltmanwei - Binne Veltman wie in Eastermarder dy't in boekje oer de skiednis fan it doarp skreaun hat.

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]