Elte Beima
Elte Martens Beima (Eastermar, 11 febrewaris 1801 - Leien, 24 febrewaris 1873) wie in stjerrekundige, wiskundige en bibliofyl.
De dûmny fan Eastermar ûnderkende rillegau de wittenskiplike kwaliteiten fan de jonge Beima. Beima studearre op kosten fan jonkhear Idzert Aebinga van Humalda yn Leien. Hy die yn 1830/31 as soldaat mei oan de Tsiendeiske Fjildtocht tsjin Belgje; de Universiteit fan Leien levere derta in Kompanjy frijwilligers. Hy promoveare yn 1842 yn wis- en natuerkunde, mar op in astronomysk ûnderwerp (De Annulo Saturni). Dêrnei waard er konservator oan it Ryksmuseum foar Natuerlike Histoarje, dêr't him earst dwaande hâlde mei astronomy en letter it behear hie oer de samling mineralen (geology).
Yn 1852/53 makke er in stúdzjereis troch Jeropa en it Heine Easten mei de jonge Hector Livius, baron fan Heemstra; hy kaam werom mei geologyske foarwerpen foar it museum. It ferslach fan dy reis waard publisearre.
Oer geology hat Beima neat publisearre. Hy sette wol natuer-histoaryske wurken yn it Nederlânsk oer, ûnder oare fan Alexander von Humboldt, Kosmos (5 dielen, 1846-1863). Hy wie ek astronomysk meiwurker oan de Fryske Folksalmenak.
Beima hat nea troud west en liet in grutte bibleteek nei. Hy waard beïerdige op it tsjerkhôf oan de Groensteeg yn Leien.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy fan Elte Beima by de DBNL
- Beima syn ûnderfinings yn de Tsiendaachske Fjildtocht by Tresoar
- Klein Vriesch Almanak, Voor het Jaar 1827. mei berekkeningen fan Beima. Online te lêzen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beima, Elte Martens.
|