Springe nei ynhâld

Idsert Aebinga van Humalda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Idzert Aebinga van Humalda)
Jhr. Idzert AEbinga van Humalda

Idsert Aebinga van Humalda (ek: Idzert en Idsart) (Ljouwert, 12 septimber 1754 - dêre, 21 febrewaris 1834) wie in Frysk politikus en bestjoerder. Hy wie de earste gûverneur fan Fryslân.

Aebinga stamme út de âlde Fryske aadlike famylje Aebinga van Humalda en wie in soan fan de offisier yn Steatetsjinst Binnert Philip Aebinga fan Humalda (1709-1791) en C.J. van Sminia (1721-1758). Hy waard erkend as ealman fan Fryslân yn 1814 en krige sadwaande it predikaat jonkhear. Hy troude yn 1785 mei Isabella Boreel fan Haersma (1763-1789) mei wa't er gjin bern krige dat sadwaande stoar mei him it aadlik laach út.

Van Humalda wie ried yn it Hof (1780), en grytman fan Hinnaarderadiel (1782-1795). Nei 1795 hat er oant 1806 yn East-Fryslân west, mei't er Oranzjist wie, en wie amtleas tusken 1806 en 1811. Dêrnei waard hy oant 1813 boargemaster (maire) fan Wommels eardat hy yn 1813 gûverneur fan Fryslân waard. Hy soe dit bliuwe oant 1826. Hjirnei waard er steatsried yn bûtengewoane tsjinst.

Aebinga van Humalda hat him ek ynsetten foar it befoarderjen fan de Fryske letterkunde.

Hy wie kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

List Kommissarissen fan de Kening(inne) fan Fryslân

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Aebinga van Humalda, Idzert.
  • www.parlement.com
  • Nederlâns Adelsboek 79 (1988), s. 21-22.