Hessel fan Aysma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hessel fan Aysma (Marrum?, 1527 of 1528Ljouwert, 1 augustus 1592) wie in Fryske jurist en steatsman. Hy wie riedjouwer fan Grins (1559-1568) en lid fan it Ferbûn fan Eallju. Yn 1558 is hy nei Emden flechte. Yn 1577 kaam er werom nei Fryslân en waard lid fan Deputearre Steaten. Yn 1578 waard er presidint fan it Hof. As gesant gie er yn 1584 nei Frankryk en yn 1585 nei Ingelân.

Troch greve Leicester waard Fan Aysma lid fan de Ried fan Steat en yn 1587 haad fan de Leicesterske Partij yn Fryslân. Sa kaam er yn konflikt mei Karel Roarda en Willem Loadewyk. Aysma waard doe finzen set yn syn eigen hûs.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: