Achlumer Mole

Ut Wikipedy
Achlumer Mole
Piktogramm Windmühle.svg mûne / mole
De mûne yn 2009
De mûne yn 2009
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Achlum vlag.svg Achlum
adres Hitsumerwei 3
koördinaten 53° 8' N 5° 29' E
bysûnderheden
type mûne Muonts
funksje Poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de Achlumer Noardpolder
flecht 18,60-18,70 meter
boujier 1851
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 15821
Webside
De Fryske Mole
Kaart
Achlumer Mole (Fryslân)
Achlumer Mole

De Achlumer Mole stiet by Achlum en is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Achlumer mole waard yn 1851 boud om de Noardpolder te bemeallen en is de lêste fan de eartiids fjouwer poldermûnen om Achlum.[1]

De houten achtkant waard troch de foarrige eigner Haye Thomas skonken oan de 'Stifting De Fryske Mole'. Fan dy mole stie doe allinnich de romp noch. De mole hat in flecht fan 18.60 / 18.70 m

Yn 2007 is hy folslein restaurearre. De al yn 1954 weihelle keningsspil, it sturtwurk, it geflecht en de kape waarden opnij oanbrocht. Sûnt 1950 draaide de skroef op in elektromotor. Mei Wetterskip Fryslân is ôfpraat dat de mole no wer mei wynenerzjy ynsetten wurde sil foar it bemeallen fan Achlumer Noardpolder. By de mole stiet de eardere moolnerswente, dy't no foar rekreaasje brûkt wurdt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: