Wynenerzjy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wynturbine

Windenerzjy is enerzjy dy't wûn wurdt troch de bewegingsenerzjy fan lucht (wyn) om te setten yn in brûkbere foarm, bygelyks yn elektrisiteit.

Eartiids waard wynenerzjy mei wynmoles direkt omsetten yn meganyske arbeid, bygelyks om nôt te meallen ta moal of om wetter te ferpompen. Tsjintwurdich wurdt it wurd wynenerzjy meast brûkt foar de elektryske enerzjy dy't mei in wynturbine út de wyn wûn wurdt. Guon produzinten fan wynturbines sprekke ek wol oer wynenerzjykonvertoaren.

Foardielen fan wynenerzjy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • fermindering fan it brûken fan fossile brânstoffen en dêrmei fermindering fan de dêrby hearrende fersmoarging en CO2-útstjit[1]
  • de duorsumheid fan wynenerzjy[1]
  • minder ôfhinklik wurde fan oaljeprodusearjende lannen[2]
  • lokale enerzjyopwekking by it ûntbrekken fan de oansluting op in regionaal distribúsjenetwurk.

Neidielen fan wynenerzjy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • * de hegere kosten, oardel oant trije kear sa djoer as grize, wat mominteel troch subsydzjes opfong wurdt.
  • de wynsnelheid is tige feroarlik en min yn te skatten[3]
  • ynpassing fan wynmoles yn it lânskip dy't as horizonfersmoaring field wurdt[4]
  • foar de produksje fan wynmoles binne stiel en keunststof nedich wêrfan it winnen in kostber, fersmoargjend en enerzjy-yntinsyf proses is (al wurdt de hjirfoar nedige enerzjy troch de produsearre mole sels yn sa. 6 moannen opwekt; de sahjitten enerzjyweromfertsjintiid)[5]
  • fûgels wurde troch wynmoles út de loft slein; in rige wynmoles is foar fûgels sawat like gefaarlik as in snelwei,[6] sommige fûgelsoarten (bg. einen) bliuwe hûnderten meters út de buert wêrtroch't harren habitat ferlytse wurdt
  • Flearmuzen komme om troch de drukferskillen by rotorblêden[7]
  • slachskaad en lûdsoerlêst foar omwenjenden[8][9]
Wynturbines Iempolder by Iemdyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Beurskens, Jos (ECN) en Van Kuijk, Gijs (TU Delft) (2004), Alles in de Wind, ECN, Petten
  • Europeeske Kommisje, (2003), External Costs, Research results on socio-environmental damages due to elektricty and transport, publ. nr eur 20198, Europeeske Kommisje, Brussel.
  • Hoogwijk, M. (2004), On the global and regional potential of renewable energy sources, (Proefskrift), Universiteit Utert, seksje Natuerwittenskip en Mienskip.
  • Kreuger, (emeritus) Prof. Dr. Ir. F.H. (TU Delft) (2003), Waar staan we met windenergie?, útjouwerij Quantes Rijswijk.
  • Krogsgaard, O.T., (2001) Energipolitik som vinden blæser, (ynstjoerde brief) Politiken, 14-01-2001.
  • Oosterhuis, F. (2001), Energy subsidies in the European Union, Ynstitút foar Miljeufraachstikken, Frije Universiteit Amsterdam.
  • Frits van den Berg (2006). Wakker liggen van windturbines Ryksuniversiteit Grins


  1. 1,0 1,1 VROM - Dossier Enerzjybesparring
  2. Energiek op weg naar een beter klimaat Regionaal klimaatprogramma 2007-2010, MARN regio, 2.2.3 (side 12)
  3. 15 FAQ's oer wynenerzjy - Foar lokale bestjoeren - Provinsje East-FlaanderenGaat het licht uit, als er geen wind is?
  4. 15 FAQ's oer wynenerzjy - Foar lokale bestjoeren - Provinsje East-Flaanderen Tasten windturbines het landschap aan?
  5. 15 FAQ's oer wynenerzjy - Foar lokale bestjoeren - Provinsje East-Flaanderen Is windenergie rendabel?
  6. Wynturbines en fûgels yn Flaanderen
  7. Windmolens blazen vleermuislongen op
  8. 15 FAQ's over windenergie - Voor lokale besturen - Provincie Oost-Vlaanderen Veroorzaken windturbines hinder door slagschaduw?
  9. 15 FAQ's over windenergie - Voor lokale besturen - Provincie Oost-Vlaanderen Zorgen windturbines voor geluidsoverlast?