Springe nei ynhâld

Eemdijk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iemdyk)
De buorren fan Eemdijk (2009)
Pontsje oer de Eem nei Eemdijk (2009)

Eemdijk is in dykdoarpke oan de rivier de Eem yn de gemeente Bunschoten leit. It doarp hat likernôch 800 ynwenners.

Eemdijk is ûntstien yn de 15e iuw as Dykhuzen, nei de oanlis fan de seedyk, dy't de Fean- en Fjildendyk hjit. Eemdijk is in dykdoarp mei amper ekonomyske aktiviteit. Yn it doarp rint de Bikkersfeart út yn de Eem. Dy feart is yn 1641 groeven as farferbining mei Bunschoten. De buorren fan Eemdijk hiet eartiids 'It Haventsje' of de 'Bikkershaven'. It hjoeddeiske doarp is, útsein de dykbebouwing fan Dykhuzen, hast hielendal boud yn de tritiger jierren fan de 20e iuw.

It doarp hat in pontsje. By dit pontsje nom Drs. P yn 1973 it filmke op foar syn liet De veerpont. (De fearpont). As passazjiers op it pontsje farre ek de solisten Daniël Samkalden en Maarten Veerman by it lietsje 'Wij zijn kwaad' (Wy binne lulk) yn Kinderen voor Kinderen 10. It pontsje is al in stik âlder; yn de 19e iuw stie it al op 'e kaart. Yn 1960 krige it oan beide siden fan de Eem in eigen haventsje. De hjoeddeiske pont is yn 1980 yn gebrûk nomd.

Dêr't foar Eemdijk oer it pontsje oanleit, leit it no praktysk ûnsichtbere eardere eilantsje 'De Helling'. Sa't de namme al seit waard dat plak brûkt om oan skippen te wurkjen. By leechwetter lieten skippers dêr yn de santjinde en achttjinde iuw harren skip drûchfalle.

  • Eemdijk hat in eigen fuotbalferiening: fuotbalferiening Eemdijk.
  • Yn Eemdijk sit ien basisskoalle: de "skoalle mei de bibel".
  • Der binne trije tsjerken: in grifformearde -, in frijmakke - en in kristlik grifformearde tsjerke. Yn it kristlike doarp binne hast gjin winkels en op snein is der noch gjin iisko te keap, ek it pontsje fart dan net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Koos Termorshuizen en Jos Wassink - De Eem, verborgen rivier
Bunschoten
Stêd:
Bunschoten
Doarpen:
EemdijkSpakenburch
Buorskip:
Zevenhuizen
· · Berjocht bewurkje