Wynturbine
In wynturbine is in wynmûne dy't wynenerzjy omset yn elektrisiteit troch middel fan in elektryske generator. In wynturbine ûnderskiedt him fan de tradisjonele wynmûne dy't sels gebrûk makket fan de meganyske enerzjy om bygelyks nôt te meallen. Wynturbinen wurde gauris brûkt yn wynmûneparken.
Soarten en fermogen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twa haadtypen wynturbine binne de fertikale en de hoarizontale asturbine. Fertikale asturbinen binne ôfhinklik fan de wynrjochting en binne gaadlik foar it brûken yn in beboud gebiet of op gebouwen. Hoarizontale asturbinen wurde fierwei it meast brûkt en dy kinne ûnderferparte wurde neffens grutte en fermogen:
- lytse wynturbinen: hawwe oant 15m mêsthichte (metten fan it meanfjild ôf dêr't de wynturbine op pleatst wurdt), en in fermogen fan 0,5 oant 10 kW (kilowatt).
- midgrutte wynturbinen:fan 15 m mêsthichte ôf en in fermogen fan 10 oant 300 kW.
- grutte wynturbinen: fermogen grutter as 300 kW; nijmoadrige wynturbinen helje fermogens oant 12 MW (megawatt)
Parten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In wynturbine bestiet út in fundearring, mêst, in gondel, mei dêryn in elektryske generator en yn âldere typen in fersnellingsbak, en wjukken.
Fundearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In wynturbine moat goed fêst op de grûn stean. De fundearring wurdt makke út wapene beton mei in trochfiering dêr't de elektrisiteitskeabel trochhinne kin.
Mêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mêst fan in wynturbine moat de measte belesting drage. Hoe langer de mêst is hoe breder de foet wêze moat. Hjoed-de-dei hawwe wynturbinen in ashichte fan mear as 100 meter, wylst dy yn de 1980-er jierren noch likernôch 15 meter, en yn de 1990-er jierren likernôch 50 meter wiene. De mêst wurdt makke fan beton en stiel. Yn de mêst is in ledder, of yn guon gefallen in lift, en de stroomkeabels. In stielen mêst bestiet út twa oant fjouwer parten dy't oaninoar fêst set wurde. De tsjokkens fan de wân is 20 oant 60 millimeter.
Gondel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de gondel is de elektryske generator en yn âldere typen ek in kamrêdkast. De generator set de bewegingsenerzjy fan de as om yn elektrisiteit en is te ferlykjen mei in grutte dynamo. Guon turbinen hawwe in kamrêdkast dy't as in fersnellingsbak wurket: de faasje fan de rotaasje wurdt fergrutte. De kamrêdkast hat lykwols in soad ûnderhâld nedich dêr't guon makkers by kieze foar in streekrjocht oandreaune generator, de saneamde direct-drive of gearless wynturbine. Wynturbinen binne makke mei in aerodynamysk remsysteem om se stil te setten yn gefal fan need of ûnderhâld. In wynwizer op de gondel tsjut de wynrjochting oan. As dy feroaret, rjochtet in kruimoter de gondel wer rjocht op de wyn.
Wjukken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjukken fan in wynturbine binne wichtige parten. Nijmoadrige wjukken binne makke fan mei glâsrizel of koalstofrizel fersterke keunststof. De maksimale wjuklingte fan nijmoadrige wynturbinen binne likernôch 65 meter by turbinen op lân en om 85 meter hinne by turbinen op see. De nauwe is it plak dêr't de wjukken byinoar komme.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Windenergie.nl, ynformaasje oer it ûntjaan en bouwen fan grutte wynmûnen en wynmûneparken
- CBS-statistiken.
- (in) www.windpowerorg Guided Tour on Wind Energy
- (in) Oersicht Jeropeeske wynenerzjytechnology, opsteld troch Jeropeeske deskundigen mei subsydzje fan de Jeropeeske Mienskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |