Watt (ienheid)
De watt (symboal W) is de SI-ienheid fan fermogen. In gloeilampe mei in fermogen fan 60 watt (faak VA neamd omdat watt om reëel fermogen giet en in soad apparaten in cos phi en dus ek skynber fermogen hat) brûkt in enerzjy fan 60 joule per sekonde.
De ienheid is neamd nei James Watt.
In ferâldere ienheid fan fermogen is de hynstekrêft (hk, CV) of benei de horsepower (hp):
- 1 pk = 735,498 75 W, wylst 1 hp ~ 746 W
In praktyske, net-SI-ienheid, dy't streekrjocht fan de watt ôflaat is, is de kilowattoere (kWh): 1 kWh = 3,6 MJ (megajoule). Dit is in ienheid fan enerzjy.
Om út te rekkenjen hoefolle in apparaat fan bygelyks 10 watt ferbrûkt yn 24 oere, brûkst:
NB: op in soad apparaten stiet oanjûn wat it apparaat maksimaal ferbrûke kin; dat wol noch net sizze dat it dat ek werklik kontinu ferbrûkt.
In megawatt (symboal: MW) stiet gelyk oan in miljoen (106) watt. De produksjekapaciteit fan enerzjysintrales wurdt meastal yn megawatt útdrukt.
It fermogen fan transformators wurdt ornaris útdrukt yn voltampère.