Haye Thomas

Ut Wikipedy
Haye Thomas
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Haye Thomas
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 juny 1936
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
stoarn 11 novimber 1996
stjerplak Hilversum (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist, ferslachjouwer
medium tillefyzje
wurksum by NCRV, NOS
bekend fan NOS Journaal
jierren aktyf 19671996
offisjele webside
n.f.t.

Haye Thomas (Amsterdam, 26 juny 1936Hilversum, 11 novimber 1996) wie in Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer. Hoewol't er ek foar de skriuwende parse wurke, waard er benammen bekend troch syn ferslachjouwing op 'e tillefyzje, û.m. foar it NOS Journaal.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas waard yn 1936 berne as de soan fan sjoernalist Fred Thomas, en wie fan hûs út roomsk. Hy sette syn karriêre yn 'e sjoernalistyk ûnder de Seisdeiske Oarloch, yn 1967, útein as oersetter fan Ingelsktalige kranten foar it Nederlânske deiblêd De Tijd. Letter datselde jiers krige er in fêste oanstelling as korrespondint yn 'e Britske haadstêd Londen.

Nei't De Tijd yn 1973 opdoekt wie, fûn Thomas nij wurk by de omrop NCRV, dêr't er û.m. bydroech oan 'e aktualiteiterubryk Hier en Nu. Yn dy tiid waard it noch as bysûnder ornearre dat in roomsk sjoernalist foar in protestantske omrop wurke. Yn 1979 stapte Thomas oer nei de NOS, en waard er yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. ferslachjouwer foar it NOS Journaal, en dêrnjonken ek foar de Haagsche Courant. Dy posysje behold er oant 1986, doe't er opfolge waard troch Charles Groenhuijsen. Neitiid wied er oant 1990 wer korrespondint yn Londen, en dêrnei yn Brussel.

Haye Thomas ferstoar yn 1996 yn Hilversum mei 59 jier oan in hertstilstân, wylst er ûnderweis wie nei it de opnamen fan it EO-programma Het Elfde Uur, dêr't er as haadgast meiwurkje soe oan in fraachpetear. De duorjende populariteit dy't Thomas hie ûnder de Nederlânske tillefyzjesjoggers die bliken doe't er ein jannewaris 2006, rom njoggen jier nei syn ûntidich ferstjerren, tegearre mei Charles Groenhuijsen útkeazen waard ta bêste ferslachjouwer yn fyftich jier NOS Journaal.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.