Janneke Brakels

Ut Wikipedy
Janneke Brakels
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 jannewaris 1986
berteplak Gau
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre jazz, soul, funk
sjongtaal Nederlânsk, Frysk
jierren aktyf 2006 - no
offisjele webside
Webstee Janneke Brakels

Janneke Brakels (Gau, 30 jannewaris 1986), is in sjongster en komponiste út Rotterdam. Se jout privee sjonglessen en workshops, jout sjongles op de popskoalle fan de SKVR en wurket as sjongcoach by Zangmakers.

Janneke Brakels fertsjintwurdige Fryslân twa kear by it Vara Kindersongfestival en yn har middelbere skoaltiid yn Snits wie se sjongster by de Bogerman Bigband. Mei dy band reizge se fan strjitfestival nei bedriuwsfeest en song benammen jazz, soul en funk. Yn dy tiid song hja yn top 100-band ‘Just-Aloud’ en akoestysk popduo ‘Ginger’. Ek spile se yn it stik ‘Run Rjocht’ fan teatergroep SULT.

Sy helle yn 2007 it PABO-diploma foar ûnderwizeresse. Mei in selsskreaun ferske wurdt hja talitten oan de Rotterdam Pop Academy. Studearre fan 2007-2011 oan it konservatoarium yn de rjochting Sjongen oan de RPA yn Rotterdam en sil dêr op 17 juny 2011 har ôfstudearkonsert jaan. Mei in folslein eigen Frysk rippertwaar spilet se dan yn Poppoadium Romein yn Ljouwert.

Yn Rotterdam begjint se oan har eigen Fryske rippertwaar en foarmet de band Equal Souls. Hjiryn spile ek har suske Susan út Gau, bassiste Josine van der Splinter, sjonger-gitarist Tom Luchies en drummer Max van Winkelhof, stúdzjegenoaten fan Janneke op de Pop Academy fan Rotterdam.
Yn 2006 wint se de publykspriis as lid fan de groep Ree. It debútoptreden fan Equal Souls is op Oerol 2009. In trochbraak is 27 novimber 2010 as Equal Souls it Fryske Lietfestival wint mei harren 'Do Swalkest'. Op Liet Ynternasjonaal yn Bretanje wurdt dêrmei in tredde plak helle, mar wol mei de measte publykssstimmen út de seal. Omrop Fryslân makket hjir in telefyzjereportaazje fan yn K-rûte. It levert ek it ambassadeurskip op fan Praat mar Frysk. Hjirfoar ferskynt ein 2010 de krystsong 'Mei Kryst'. Under de namme Loaded sjongt se mei Tom Luchies âlde en nije songs yn in nij akoestysk jaske.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: