Teatergroep SULT
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Teatergroep SULT (SUdwesthoeke LokaasjeTeater) is in teatergroep út Harich, dy't toanielopfierings fersoarget yn 'e hiele Súdwesthoeke. De teätergroep is yn 1996 stifte troch in tal toanielleafhawwers om de teaterkultuer fan de Súdwesthoeke te ferbetterjen en te stypjen. Hja besykje alle jierren ien as mear stikken op lokaasje te organisearjen, wêrby't tige bysûndere lokaasjes brûkt wurde. Der wurdt wurke mei amateurtoanielspilers, wêrby't SULT dan de profesjonele help biedt. By it meitsjen fan de foarstelling is it útgongspunt om safolle mooglik minsken út de omkriten fan it plak dêr't spile wurdt by de produksje te belûken. De artistike lieding is al jierren yn hannen fan Pieter Stellingwerff.
Foarstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2011 - Redbad
- 2010 - Moardwiif
- 2009 - Heksershol
- 2008 - Rinoseros
- 2006 - In Wintermearke fan William Shakespeare yn de Sândobbe, de sporthal fan Koudum.
- 2005 - Mem nei Rob de Graaf yn 'e busgaraazje fan NoardNed yn Snits.
- 2004 - Rûn Rjocht, nei Der kaukasische Kreidekreis fan Bertolt Brecht yn it âld suvelfabryk fan Sint Nyk.
- 2003 - Hinne & Wer yn 'e sylskoalle yn Himmelum:
- Hinne fan Suzanne van Loohuizen
- Wer fan Ytsje Hettinga.
- 2002 - Kyp Kwaiut fan Slawomir Mrozek yn Molkwar.
- 2001 - Duvelsied fan Tankred Dorst yn Warns.
- 1999 - SULT Op Sjou op fjirtjin plakken:
- De man yn 'e bus fan Suzanne van Loohuizen yn in bus.
- De stille besoarger fan Harold Pinter yn in kafee of doarpshûs.
- 1998 - Ajaks fan Sofokles op it Murnser Klif.
- 1997 - De Bloedbrulloft fan Federico García Lorca op Skarl.
- 1996 - Serenade fan Slawomir Mrozek yn de Teatertún yn Riis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |