It Winterjûnsteltsje
It Winterjûnsteltsje | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Winter's Tale | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | ±1610-11 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Winterjûnsteltsje | |
publikaasje | 1963, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
It Winterjûnsteltsje, yn it oarspronklike Ingelsk: The Winter's Tale, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhaal fertelt oer Leontes, de kening fan Sisylje, dy't troch syn eigen oergeunstigens syn frou en dochter kwytrekket, mar úteinlik dochs wer weromkriget. It stik is mooglik skreaun yn 1610 of 1611, mei as doel om opfierd te wurden yn 'e krystperioade (dêrfandinne de namme, dy't mei de ynhâld alhiel neat te krijen hat). It Winterjûnsteltsje waard pas foar it earst publisearre yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. It stik hat yn 'e rin fan 'e tiid by fleagen populêr west, begjinnend yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw, doe yn 'e njoggentjinde iuw, en op 'e nij yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Leontes fan Sisylje hat syn jeugdfreon, kening Polixenes fan Bohemen, op besite. Mar de freonlike manear wêrop't Polixenes mei Leontes syn frou Hermione, dy't yn ferwachting is, omgiet, makket dat Leontes suver gek wurdt fan oergeunstigens. Hy is derfan oertsjûge dat se minners wurden binne, dat hy befellet syn trouwe tsjinstfeint Camillo en fergiftigje de Boheemske kening. Mar Camillo warskôget Polixenes ynstee, en tegearre ûntflechtsje se Sisylje.
As Leontes dat ûntdekt, is er poerlulk. Hy beskuldiget syn frou der yn it iepenbier fan dat se him ûntrou west hat, en dat it bern dat se draacht oerwûn is. Dan lit er har, nettsjinsteande de protesten fan syn eallju, yn it tichthûs smite. Twa eallju, Cleomenes en Dion, stjoert er nei in Orakel fan Delfy, hoewol't er wis is dat dat syn fermoedens befêstigje sil. Yn har finzenskip skinkt Hermione it libben oan in sûn dochterke, dat se troch har freondinne, de ealfrouwe Paulina, nei de kening ta bringe lit, yn 'e hope dat er troch it sjen fan it bern ta ynkear komme sil. Ynstee makket it Leontes nòch lulker, en hy oarderet Paulina har man, de ealman Antigonus, om 'e poppe mei te nimmen en dy op in ûnherberchsum plak efter te litten, sadat se fan útdrûging en ûnderkuolling stjerre sil. As Cleomenes en Dion weromkeare út Delfy, docht bliken dat it orakel Hermione en Polixenes ûnskuldich achtet en Camillo in oprjocht man neamt. Boppedat foarseit it orakel dat Leontes gjin erfgenamt hawwe sil oant syn dochterke weromfûn is. Leontes slacht de foarsizzing yn 'e wyn, en wegeret te leauwen dat syn frou ûnskuldich is. Op datseldichste stuit wurdt him lykwols tynge dien dat syn ienlingssoan Mamillius stoarn is oan in sykte dy't feroarsake is troch de beskuldigings tsjin syn mem. As hja dat heart, falt Hermione derhinne, en nei't se fuortdroegen is troch Paulina, komt dy werom mei it berjocht dat se stoarn is. Dêrop kriget Leontes berou, en swart er dat er de rest fan syn libbensdagen trochbringe sil mei boete te dwaan foar it ferlies fan syn frou en bern.
Underwilens hat Antigonus de seekust fan Bohemen berikt, dêr't Hermione yn in dream oan him ferskynt en him hjit om har dochterke Perdita te neamen en om har op in beskaat plak dêre efter te litten. Antigonus docht dat, en leit njonken de poppe in bondel mei goud en oare kostberheden del. Ear't er nei syn skip weromkeare kin, wurdt dat wrakslein troch in ynienen opkommende stoarm. Koart dêrnei wurdt Antigonus deade troch in bear, dat nimmen kin Leontes fertelle wat der mei de lytse Perdita bard is. Mar hja wurdt fûn troch in earme skiephoeder, in widner, dy't mei syn soan yn in earmoedige hutte wennet. Hy nimt de poppe en de bondel goud mei nei hûs.
Sechstjin jier geane foarby. Camillo, dy't no yn 'e tsjinst stiet fan Polixenes, smeket de Boheemske kening om nei Sisylje weromkeare te meien, om't er lang om let ûnwennich wurden is. Mar Polixenes wegeret him dat en om syn sinnen te fersetten, stelt er út dat se har ferklaaie om syn soan, prins Florizel, te bespionearjen, dy't fereale wurden is op in sljochtwei skiephoedersdochter. Dat, ferklaaid as skiephoeders wenje Polixenes en Camillo dan it skiepskeardersfeest by, dêr't de as skiephoeder ferklaaide Florizel syn faam, de skiephoedersdochter, moetet — dy't fansels nimmen oars is as Perdita. Hja is net yn folsleine earmoed grutbrocht, want mei it goud en de oare kostberheden is de âld skiephoeder in wolfarrend man wurden. Mar likegoed is it fansels ûnbesteanber dat se mei in prins trouwe soe, dat as Florizel en Perdita harren oan 'e ein fan it feest ferloovje, smyt Polixenes syn momkape ôf en ferbiedt er de beide jongelingen inoar ea noch te moetsjen, dêrby de âld skiephoeder en Perdita mei marteling en dea bedriigjend. Mar Camillo, dy't in ûnderhânske manear sjocht om Polixenes te twingen en nim him mei werom nei syn heitelân, helpt Florizel en Perdita en de âld skiephoeder en syn soan om fjouweresom fan ruten te spyljen en skip te gean nei Sisylje.
Yn Sisylje is Leontes ûnderwilens noch altyd yn rou. Cleomenes en Dion besykje him te bepraten en sjoch om nei in erfgenamt foar syn keninkryk, mar Paulina wit him derfan te oertsjûgjen om troch te gean mei boete te dwaan oant sy in frou foar him fine kin. As Florizel en Perdita oankomme, wurde dy beide hertlik ûntfongen troch Leontes. Florizel beart dat er op in diplomatike missy is foar syn heit, mar dat falt net mear út te hâlden as Polixenes en Camillo ek arrivearje. As se einlings allegear byinoar binne, Polixenes, Florizel, Leontes, Perdita en de âld skiephoeder en syn soan, komt oan it ljocht dat Perdita de missende prinsesse is. De keningen wurde mei-inoar fermoedsoene, en Florizel en Perdita meie trouwe. It hiele selskip giet dan nei Paulina har bûtenferbliuw, dêr't se in libbensecht byld fan Hermione meitsje litten hat, dat noch mar krekt ôfkommen is. As Leontes it byld fan syn frou sjocht, kriget er it suver te krap, mar dan komt it byld ta libben, en feroaret it yn Hermione, dy't troch in wûnder en it boetedwaan fan Leontes út 'e dea opstien is. It stik einiget mei de ferloving fan Camillo en Paulina.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadplot fan It Winterjûnsteltsje hat Shakespeare oernommen fan Robert Greene syn roman Pandosto, dy't publisearre waard yn 1588. De feroarings dy't de grutte toanielskriuwer dêryn oanbrocht, binne ûnkarakteristyk lyts. Sels it gat fan sechstjin jier tusken de trêde en fjirde akte naam er oer. De grutste oanpassing fan Shakespeare wie om fan Leontes fan Sisylje de oergeunstige smjunt te meitsjen en fan Polixenes fan Bohemen syn ûnskuldige slachtoffer; by Greene is dat krekt oarsom, dêr is Pandosto fan Bohemen de smjunt en wurdt Egistus fan Sisylje it slachtoffer fan ûnwiere beskuldigings. De reden foar dy omwikseling wie politike gefoeligens, mei't Ingelân om 1610 hinne in bûnsgenoat wie fan it Hillige Roomske Ryk, wêrfan't de keizer tagelyk ek kening fan Bohemen wie. Sûnder dy oanpassing wie it stik ek nea opfierd wurden as ûnderdiel fan 'e festiviteiten foarôfgeande oan it houlik, op 14 febrewaris 1613, tusken Elizabeth, de dochter fan 'e Ingelske kening Jakobus I, en Freark V, de karfoarst fan de Palts.
Wat de ynhâld fan it stik oangiet, hat it neamen fan 'e seekust fan Bohemen hiel wat opsjoch jûn, mei't Bohemen, yn it hjoeddeiske Tsjechje, uteraard in gehiel troch lân omsletten gebiet is yn 'e midden fan it Jeropeeske kontinint. Shakespeare syn kollega-toanielskriuwer Ben Jonson wie de earste, mar perfoarst net de lêste, dy't sadwaande It Winterjûnsteltsje mei de gek besloech. Der moat lykwols op wiisd wurde dat Bohemen him yn 'e trettjinde iuw, ûnder kening Ottokar II, fier nei it suden ta útstriek troch in personele uny mei in grut part fan 'e Eastenrykske Erflannen, wêrûnder Krain, dat fierhinne it tsjintwurdige Sloveenje besloech, en dat, yndie, in kustline hie oan 'e Adriatyske See.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Winter's Tale waard ûnder de titel It Winterjounsteltsje yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1963 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. IV, yn 'e mande mei de fertalings fan in oare Shakespeariaanske komeedzje (De Stoarm) en fan guon Shakespeariaanske keningsstikken, wêrûnder Richard III. Yn 2006 waard The Winter's Tale ûnder de titel In Wintermearke yn 'e Sândobbe, de sporthal fan Koudum, opfierd troch Teatergroep SULT.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|