Springe nei ynhâld

Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester

Ut Wikipedy
Tsjeppe Em, de Moolnersdochter
fan Manchester
algemiene gegevens
oarspr. titel Fair Em, the Miller's Daughter
   of Manchester
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1590
1e publikaasje ±1590, Londen

Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester, yn it Ingelsk: Fair Em, the Miller's Daughter of Manchester (gauris ôfkoarte ta Fair Em), is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It is in komeedzje dy't skreaun wêze moat om 1590 hinne en omtrint dyselde tiid foar it earst publisearre waard (wannear persiis is ûnbekend). It stik waard op 'e nij útjûn yn 1631. Yn gjinien fan beide publikaasjes waard in skriuwer neamd, mar foar de bibleteek fan kening Karel II waard Tsjeppe Em mei twa oare stikken dy't ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurde, De Fleurige Duvel fan Edmonton en Musedoarus, ynbûn yn ien bân, mei as titel Shakespeare: Vol. I ("Shakespeare: Diel I").

Hjoeddeiske saakkundigen wize de taskriuwing oan William Shakespeare lykwols sa goed as unanym fan 'e hân. Robert Greene, in toanielskriuwer oan wa't Tsjeppe Em troch Edward Phillips yn syn Theatrum Poetarum, út 1675, taskreaun waard, liket ek al gjin tige wierskynlike kandidaat, mei't Greene yn syn pamflet Farewell to Folly, út 1591, de gek hie mei de skriuwer fan Tsjeppe Em. It soe fansels kinne dat Greene in eksintryk gefoel foar humor hie, mar tsjintwurdich wurdt oangeande it auteurskip fan Tsjeppe Em it measte tocht oan Robert Wilson of Anthony Munday.

Tsjeppe Em is basearre op in ballade mei as titel The Miller's Daughter of Manchester, dy't op 2 maart 1581 registrearre waard yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid. Yn 'e haadferhaalline fan it toanielstik rekket Willem de Feroverder, de kening fan Ingelân, fereale op 'e ôfbylding fan in frou dy't de markys fan Lübeck by in toernoai op syn skyld draacht. It is de ferloofde fan Lübeck, de Sweedske prinsesse Marianna, dy't oan it Deenske hof gizele holden wurdt (te witten foar it goed gedrach fan har heit, de kening fan Sweden; soks wie yn 'e Midsiuwen in hiel gebrûklike praktyk om jin fan 'e trou fan jins fazallen te bewissigjen).

Willem de Feroverder reizget ynkognito nei it hof fan kening "Zweno" (Sweyn II fan Denemark) ta om it fanke libbensliif te sjen, mar as er har it hof begjint te meitsjen, docht bliken dat hja trou is oan har ferloofde, Lübeck. Zweno syn dochter Blanche, lykwols, rekket smoarfereale op 'e Ingelske kening, dat de beide froulju bemûskopje in plan dat derfoar soargje moat dat se allebeide krije wat se wolle: Marianna om gewurde litten te wurden, en Blanche om mei Willem te trouwen. Marianna beart dat se har wol troch Willem skake litte wol, en Willem foeget sa gau mooglik de die by it wurd troch mei in bewale jonkfrouwe út te naaien, wat him swierrichheden mei Zweno besoarget, dy't krekt as hy mient dat it om Marianna giet. Mar as de wale úteinlik optild wurdt, docht fansels bliken dat it Blanche is.

Yn 'e subplot stykje trije frijers, Valingford, Mountney en Manvile, om Em, de tsjeppe dochter fan 'e moolner fan Manchester. Om't hja de foarkar jout oan Manvile, beart se dat se blyn is om Valingford te ûntrinnen, en dat se dôf is om oan Mountney te ûntkommen. Mar Manvile blykt har ûntrou te wêzen en der noch in faam op nei te hâlden, hoewol't er se úteinlik allebeide kwytrekket. Ynstee fan him trout Em mei Valingford, de iennichste fan it trijetal dy't har net bedonderet en oprjocht fan har hâldt. Dan docht bliken dat Em eins fan adel is, want har heit, de "moolner fan Manchester", is eins de ridder Thomas Goddard yn momkape, dy't troch Willem de Feroverder út Ingelân ferballe wie. Oan 'e ein fan it stik komme de beide ferhaallinen byinoar: Willem beseft dat de ferballing fan Goddard ûnrjochtfeardich wie en werropt syn eardere fûnis. Em makket de kening dúdlik dat der wier wol deugdsume froulju yn 'e wrâld binne, en oertsjûget him derfan om mei Blanche te trouwen. Marianna en Lübeck binne dêrmei fan Willem syn bemuoienissen ôf en kinne har wer oaninoar wije.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Chambers, E. K., The Elizabethan Stage (4 dielen), Oxford, 1923 (Clarendon Press).
  • Halliday, F. E., A Shakespeare Companion 1564-1964, Baltimore, Maryland, 1964 (Penguin).
  • Logan, Terence P., en Smith, Denzell S., The Predecessors of Shakespeare: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1973 (University of Nebraska Press).
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater