Lyk om Lyk
Lyk om Lyk | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Measure for Measure | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1603 of 1604 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
1e opfiering | uterlik 1604 | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Lyk om Lyk | |
publikaasje | 1962, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Lyk om Lyk, yn it oarspronklike Ingelsk: Measure for Measure, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje (al is de toan wat swiersettich foar dat sjenre) dy't it ferhaal fertelt oer de jongeman Claudio, dy't sûnder reden troch in skynhillige rjochter ta de dea feroardiele wurdt. It stik giet oer rjocht en rjochtfeardigens en oer strangens en genede, en kin gearfet wurde mei it sitaat "Some rise by sin, and some by virtue fall" (frij fertaald: "Guon meitsje karriêre troch sûndigens, wylst oaren der troch deugdsumens ûnder strûpe"). Lyk om Lyk moat skreaun wêze yn 1603 of 1604, en waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vincentio, de hartoch fan Wenen, moat syn stêd ferlitte foar in diplomatike reis, dat hy jout it regear yn 'e hannen fan 'e strange rjochter Angelo. In jong Weensk ealman, Claudio, is troud mei Julia, mar fanwegen brekme oan jild hawwe se net oan alle easken foldien dy't men yn dy tiid (alteast yn aadlike fermiddens) oan houliken stelde (om it ta Fryske termen te ferienfâldigjen soe men sizze kinne dat se oer de putheak troud binne). Mar likegoed soene de lju út dy tiid harren oer it algemien as troud beskôgje. Om't net al plichtplegings opfolge wiene, soe men lykwols sizze kinnen hawwe dat se wetlik sjoen net troud wiene. Koart nei't de hartoch ôfsetten is, beslút Angelo om 'e neilibbing fan 'e wet ôf te twingen dy't steld dat seks bûten it houlik mei de dea bestraft wurde moat. Dat hy lit Claudio, dy't yn syn eagen net troud is en dus mei Julia bûtenhoulikske omgong hat, oppakke, en feroardielet him ta de dea.
Claudio syn maat Lucio besiket yn it kleaster Claudio syn suster Isabella, dy't in novise is, en freget har om foar har broer by Angelo yn 't pleit te gean. De tsjeppe Isabella wit in audiïnsje by de rjochter te krijen en pleitet wiidweidich foar Claudio, mar ta einbeslút stelt Angelo foar dat hja mei him op bêd gean sil yn ruil foar it libben fan har broer. Isabella wegeret dat, mar se beseft ek dat it fanwegen Angelo syn smetleaze reputaasje gjin sin hat en meitsje syn smjuntestreek iepenbier, want nimmen soe har leauwe. Ynstee siket se har broer yn it tichthûs op en trunet him oan om him op syn dea ta te rieden. As se him oer har moeting mei Angelo fertelt, smeket Claudio har om op it útstel fan 'e rjochter yn te gean, mar Isabella wegeret op 'e nij, mei't der foar har as novise gjin twifel oer bestean kin dat it better is om Claudio syn flechtige ierdske libben op te jaan as sawol har eigen ûnstjerlike siel as dy fan Claudio (foar it prostituëarjen fan syn suster) te ferflokken ta de hel.
No docht lykwols bliken dat hartoch Vincentio Wenen hielendal net ferlitten hat, mar him ferklaaid hat as de frater Lodowick, om sa de funksjonarissen oan wa't er it bestjoer fan 'e stêd opdroegen hat, wêrûnder Angelo, bespionearje te kinnen. Yn syn momkape as frater komt er mei Isabella yn 'e kunde, en as se him oer de swierrichheden fan har en har broer fertelt, betinkt er twa mûklisten om Angelo te fluch ôf te wêzen. De rjochter hie earder wegere om him te hâlden oan in ûnthjit dat er trouwe soe mei de ealfrouwe Mariana, om't har breidsskat op see ferlern gien wie. Op oanrieden fan "Lodowick" stjoert Isabella Angelo no berjocht dat se nei der nochris oer prakkesearre te hawwen, ynstimt mei syn útstel, mar op betingst dat se inoar yn folslein tsjuster moetsje sille, om't se him net sjen wol. Angelo stimt ta en mient dat er yn it tsjuster omgong hat mei Isabella, mar eins is it Mariana dy't er besliept, sadat er neffens guon ynterpretaasjes fan 'e doetiidske wet (dy't in protte betsjutting takende oan 'e "konsumpsje" fan it houlik) dochs noch mei har trout.
Nei't er sabeare de nacht mei Isabella trochbrocht hat, komt Angelo lykwols op 'e ôfspraak werom en jout er befel om Claudio dochs noch terjocht te stellen. Dêrop lit de hartoch him de holle tastjoere fan 'e seerôver Ragozine, dy't sterk op Claudio liket, en dy't koartby yn it tichthûs oan in koarts ferstoarn is.
Dan keart de hartoch sabeare werom yn Wenen. Isabella en Mariana bringe harren respektivelike saken yn it iepenbier foar him en hy heart harren klachten oer Angelo oan. Angelo ûntkent lykwols alles en betichtet frater Lodowick fan it optinken fan "falske beskuldigings" tsjin him. As de hartoch himsels eefkes ûntskuldiget en "Lodowick" binnenkomt, mient Angelo dat er no wraak nimme sil op 'e man, mar hy rekket goed yn 'e lytse loege as bliken docht dat Lodowick nimmen oars is as de hartoch sels. Al Angelo syn bedragerij en skynhilligens wurdt dêrmei oan it ljocht brocht, wylst Isabella en Mariana de wierheid sprutsen blike te hawwen. De hartoch wol Angelo no terjochtstelle, mar earst wol er him twinge om neffens de wet mei Mariana te trouwen, sadat sy as syn widdo al syn besittings ervje sil, wêrmei't se "in bettere man keapje" kinne sil. Mariana pleitet lykwols foar Angelo syn libben en behellet sels Isabella by har pleidoai. Uteinlik leit de hartoch him by de wil fan 'e beide froulju del, en is Angelo syn deastraf fan 'e baan. Dêrop freget de hartoch Isabella om mei him te trouwen, mar hja jout him gjin antwurd. (Dy reäksje wurdt ornaris ynterpretearre as ynstimming.)
Njonken dizze haadplot hat Lyk om Lyk noch in komyske subplot, wêryn't Lucio, de freon fan Claudio, yn syn petearen mei "frater Lodowick" oates en toates de hartoch belasteret, wylst er yn 'e lêste akte de frater belasteret yn in petear mei de hartoch. Dit ta komyske konsternaasje fan hartoch Vincentio/frater Lodowick. As op 't langelêst bliken docht dat de beide mannen ien-en-deselde binne, bringt dat Lucio slim yn ferlegenheid en boppedat ek djip yn 'e swierrichheden. Syn bestraffing is om, krekt as Angelo, twongen te wurden ta in ûnwinsklik houlik, yn dit gefal mei de prostituee Kate Keepdown.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Measure for Measure waard ûnder de titel Lyk om Lyk yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1962 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. III, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske komeedzjes, lykas De Fleurige Wyfkes, Nei Jim Beleavjen en Folle Spul om Neat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|