Titus Androanikus

Ut Wikipedy
Titus Androanikus
algemiene gegevens
oarspr. titel Titus Andronicus
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1588-93
1e publikaasje 1594, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Titus Andronicus
publikaasje 1966, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Titus Androanikus, yn it oarspronklike Ingelsk: Titus Andronicus (folút eins: The Lamentable Tragedy of Titus Andronicus, dat "De Beklaachlike Trageedzje fan Titus Androanikus" betsjut), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare (mooglik yn gearwurking mei syn kollega George Peele). It spilet yn 'e Romeinske Tiid en ferhellet oer de fiksjonele Romeinske legeroerste Titus Androanikus, dy't behelle rekket yn in sirkel fan wraak en werwraak mei Tamoara, de keninginne fan 'e Goaten. It is Shakespeare syn gewelddiedichste en bluodderichste toanielstik; hoewol't it yn syn eigen tiid tige populêr wie, wurdt it fanwegen de sensasjonele toansetting sûnt de Fiktoriaanske Tiid fan al syn stikken ornaris it minst wurdearre. Titus Androanikus wurdt yn 'e regel datearre tusken 1588 en 1593, en men is fan tinken dat it Shakespeare syn earste trageedzje wie. It waard foar it earst útjûn yn 1594. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1966.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stik iepenet koart nei de dea fan 'e Romeinske keizer, as dy syn beide soannen, Saturninus en Bassianus, rûzje meitsje oer wa fan har beiden oft harren heit opfolgje sil. De tribún Markus Androanikus lit harren lykwols witte dat it folk syn broer, Titus Androanikus, de legeroerste dy't krekt de Goaten ferslein hat, as keizer hawwe wolle. Titus wurdt fuort dêrnei yn Rome mei in soad jûchhei ynhelle. As finzenen fiert er mei Tamoara, de keninginne fan 'e Goaten, har soannen Alarbus, Demetrius en Chiron, en teffens Aäron de Moar, dy't Tamoara har geheime minner is. Yn Rome oankommen offeret Titus Tamoara har âldste soan, Alarbus, oan 'e goaden, by wize fan wraak foar de dea fan twa fan syn eigen soannen yn 'e oarloch tsjin 'e Goaten. Dêrby negearret er de wanhopige smeekbeaen fan Tamoara. Sy, har beide oerlibjende soannen en Aäron de Moar swarre dêrop wraak op it hûs fan Titus.

As him de troan oanbean wurdt, wegeret Titus it keizerskip om't er himsels te min achtet foar dat hege amt. Ynstee stipet er Saturninus syn oanspraak, dy't sadwaande koart dêrnei ta keizer kroane wurdt. Saturninus syn earste die as keizer is it útfurdigjen fan it dekreet dat er mei Lavinia, Titus syn dochter, trouwe sil. Titus liket dat skoan ta, mar it probleem is dat it fanke al fersein is oan Saturninus syn broer Bassianus, dy't wegeret har op te jaan. Titus syn fjouwer soannen Lusius, Kwintius, Martius en Mutius prate op harren heit yn om him oan it ferstân te bringen dat Bassianus ûnder de Romeinske wet yn syn rjocht stiet. De diskusje rint sa út 'e hân dat Titus Mutius deaslacht. Dêrop feroardielet Saturninus de hiele Andoanikus-famylje en trout er ta Titus syn ôfgriis ynstee mei Tamoara. Om har plannen foar wraak yn beweging sette te kinnen, bepraat dy him om Bassianus en de Androanikus-famylje harren misdieden te ferjaan, wat Satuninus mei tsjinnichheid docht.

In yllústraasje fan 'e dea fan Demetrius en Chiron, út 1709.

Under in keizerlike jachtpartij wurdt Bassianus deade troch Tamoara har soannen Demetrius en Chiron. Lavinia, Bassianus syn ferseine, wurdt troch harren djip de bosk yn sleept en dêr op gewelddiedige wize ferkrêfte. Om foar te kommen dat it fanke harren as dieders oanwize kin, snije se har de tonge út 'e mûle en houwe se har de beide hannen ôf. Underwilens ferfalsket Aäron in brief dêr't út blykt dat Titus syn soannen Martius en Kwintius Bassianus fermoarde hawwe soene. Alhiel oerémis troch de dea fan syn broer feroardielet Saturninus de beide jongfeinten ta de dea. Titus syn broer Markus Androanikus ûntdekt de skeinde Lavinia en bringt har by har heit. Wylst syn fertriet him oermânsk is, wurdt Titus besocht troch Aäron, dy't him wiismakket dat Saturninus syn soannen sparje sil as er himsels de hân ôfhout. Dêrop lit Titus Aäron frijwillich syn lofterhân ôfkapje, dy't er dan by de keizer bringe lit. Mar ta beskie stjoert Saturninus him syn hân mei de hollen fan Martius en Kwintius werom. Alhiel op ien ein oarderet Titus dêrop syn oerbliuwende soan Lusius om Rome te ferlitten en ûnder de Goaten in leger tsjin 'e stêd op 'e foet te bringen.

Letter skriuwt Lavinia, mei in stôk dy't se mei de mûle en har beide stompkes fêsthâldt, de nammen fan har ferkrêfters yn 'e mulle ierde. Titus begrypt dan wa't efter al syn ûnk en lijen sit. Underwilens befalt Tamoara fan in dûnkerhûdich bern, dat by har oanset is troch Aäron. Dyselde bringt de froedfrou en de minne om hals en naait út mei it bern, mar wurdt finzen nommen troch Lusius, dy't mei syn leger Goaten opmarsjearret nei Rome. As Lusius driget om 'e poppe te deadzjen, jout Aäron de hiele gearspanning tsjin 'e Androanikus-famylje ta. Yn Rome wit Tamoara ûnderwilens Titus derfan te oertsjûgjen om Lusius fan 'e oanfal op Rome ôf te hâlden. Titus stimt ta yn it hâlden fan in fersoeningsmiel, mar fermoardet nei syn petear mei Tamoara temûk har soannen Demetrius en Chiron. Dêrop stampt er harren bonken ta moal en bakt er harren hollen.

De oare deis, ûnder it fersoeningsmiel by him thús, freget Titus Saturninus oft in heit syn dochter fermoardzje moatte soe as hja ferkrêfte is. As Saturninus dêrop befêstigjend antwurdet, deadet Titus Lavinia, wêrnei't er it ferhaal oer har ferkrêfting út 'e doeken docht. As de keizer Demetrius en Chiron ûntbiedt, docht Titus him te witten dat dy yn 'e pastei bebakt wiene dy't Tamoara krekt opiten hat. Dêrop stekt er Tamoara dea, en wurdt daliks dêrnei sels deadien troch Saturninus, dy't dan wer út 'e ljochten holpen wurdt troch Lusius. It stik einiget as Lusius ta keizer útroppen wurdt. Hy jout opdracht om Saturninus in steatsbegraffenis te jaan. Tamoara har lichem wurdt lykwols bûten de stêd delsmiten foar de wylde bisten, wylst Aäron terjochtsteld wurdt troch oan syn boarst ta bedobbe te wurden en dan fan toarst en honger te stjerren.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Titus Andronicus waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1966 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VI, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas Hamlet, Romeo en Julia en Julius Caesar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VI: Titus Andronicus, Romeo en Julia, Julius Caesar, Troilus en Cressida, Hamlet, Drachten, 1966 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater