Springe nei ynhâld

Antonius en Kleopatra

Ut Wikipedy
Antonius en Kleopatra
algemiene gegevens
oarspr. titel Anthony and Cleopatra
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1606-07
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Antonius en Cleopatra
publikaasje 1969, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Antonius en Kleopatra, yn it oarspronklike Ingelsk: Antony and Cleopatra (folút eins: The Tragedy of Antony and Cleopatra), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje, dy't ferhellet fan 'e leafdesskiednis fan 'e Romeinske magnaat en legeroerste Markus Antonius en de Egyptyske keninginne Kleopatra VII. De rol fan Kleopatra wurdt beskôge as ien fan 'e meast yngewikkelde frouljusrollen út Shakespeare syn oeuvre. It stik kin sjoen wurde as in ferfolch op Shakespeare syn eardere trageedzje Julius Caesar. Antonius en Kleopatra is nei gedachten skreaun is yn jierren 1606-1607, hoewol't party saakkundigen it ierder datearje, yn 1603-1604. It waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1969.

Nei de dea fan Julius Caesar wurdt it Romeinske Ryk regearre troch in trijemanskip besteande út Oktavianus (troch Shakespeare trouwens "Oktavius" neamd), Markus Antonius (yn it stik "Antonius") en Markus Emilius Lepidus. Antonius is ûnder de tsjoen rekke fan 'e Egyptyske keninginne Kleopatra, dy't earder de minneresse fan Julius Caesar wie. Hja hat him sa bot yn 'e besnijing, dat er syn regearingstaken ferwaarleazget, sels as syn trêde frou Fulvia it yn 'e kant set tsjin Oktavius en dêrfoar terjochtsteld wurdt. Oktavius ropt him werom nei Rome om him te helpen by it bestriden fan trije beruchte seerôvers op 'e Middellânske See, Sekstus Pompejus, Menekrates en Menas, en hoewol't Kleopatra him smeket om net te gean, set Antonius einlings dochs ôf nei Rome. As er dêr arrivearret wurdt him in houlik optwongen mei Oktavius syn suster Oktavia, dat de bannen tusken de beide leden fan it trijemanskip fuortsterkje moat. Kleopatra is alhiel breinroer as hja dêr berjocht oer kriget, en kin pas delbêde wurde as men har derfan bewissiget dat Oktavia har op it mêd fan 'e skientme op gjin stikken nei belykje kin.

Antonius en Kleopatra, troch de fan oarsprong Fryske keunstskilder sir Lawrence Alma-Tadema.

As it trijemanskip foar de trije seerôvers oer komt te stean, fine der ûnderhannelings plak. Sekstus Pompejus wurdt Sisylje en Sardynje oanbean as er it trijemanskip helpt om fan alle oare piraten, dy't in wiere pleach foarmje, ôf te kommen. Pompejus giet akkoart, en as Menas der letter by him op oanstiet om it trijemanskip te deadzjen no't se der net op fertocht binne, om sels de macht yn it ryk te gripen, wegeret er. Dêrmei toant er him in earfoller man as Oktavius en Lepidus, dy't koarte tiid letter it ferdrach skeine troch Pompejus oan te fallen en te ferslaan. Antonius wie dêr net yn 't foar oer ynljochte, en is der poerrazen oer. Hy keart werom nei Egypte, dêr't er Kleopatra en himsels kroanet ta hearskers oer syn (eastlike) trêdepart fan it Romeinske Ryk. Hy stjoert in list mei easken nei Oktavius, dy't ûnderwilens de macht yn 'e rest fan it ryk nei him ta lutsen hat troch Lepidus yn it tichthûs te setten. Oktavius wegeret Antonius syn kroaning te akseptearjen, en Antonius kin en wol net werom, dat in oarloch is net mear foar te kommen.

Hoewol't him oanret wurdt om op lân te fjochtsjen, mei't er in sterker lânleger hat as Oktavius, slacht Antonius dat advys yn 'e wyn. Oktavius, dy't oer in sterkere float beskikt, hat him nammentlik mei sin útdage ta in seeslach. Kleopatra ûnthjit Antonius dat se him mei de Egyptyske float stypje sil. Mar ûnder de Slach by Aktium, yn 'e Ioanyske See, foar de Grykske westkust, spilet Kleopatra mei al har skippen op it krúsjale momint fan ruten, en Antonius set har allinnich efternei, dêrby syn eigen float oan syn lot oerlittend. Neitiid hat er dêr berou oer, mar tagelyk jout er ta dat er it foar in tút fan Kleopatra wer dwaan soe.

Nei't it besykjen fan Oktavius om it pear útinoar te spyljen op neat útrint, wurde der tariedings makke om in nije slach út te fjochtsjen, diskear op lân. Mar de jûns foardat dy plakfine sil, binne der faaie foartekens, dy't troch Antonius syn soldaten ynterpretearre wurde as soe (de healgod) Hearakles harren de rêch takeard hawwe. De troepen desertearje massaal en Antonius ferliest de slach. Hy jout Kleopatra dêrfan de skuld, en hâldt út dat er har deadzje sil.

De Dea fan Kleopatra, troch de keunstskilder Reginald Arthur (1892).

Kleopatra beslút dêrop om him berjocht te stjoeren dat se harsels tekoart dien hat, mei't se mient dat dat de iennichste manear is om syn leafde werom te winnen. As Antonius heart dat se dea is, sil him perfoarst wer yn 't sin komme hoefolle oft er wol net fan har hâldt. Mar it pakt oars út: as Antonius heart dat Kleopatra dea is, beseft er dat in libben sûnder har gjin sin hat, en besiket er himsels fan kant te meitsjen. Dat slagget net daliks, mar as er by har brocht wurdt, is er al deadlik ferwûne. Hy stjert yn har earms.

Oktavius, foar wa't no de wei frij is om himsels ta keizer út te roppen, giet nei Kleopatra ta om har te oertsjûgjen en jou har oer, mar se stegeret him ôf, om't se har gjin minder lot foarstelle kin as om yn keatlings troch de strjitten fan Rome laat te wurden. Mar hja wurdt ferret en falt dochs yn 'e hannen fan 'e Romeinen. Dêrop makket se in ein oan har libben troch har bite te litten troch in aspisnjirre (dy't trouwens hielendal net foarkomt yn Egypte). Oktavius jout opdracht om har tegearre mei Antonius te begraven.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Antony and Cleopatra waard ûnder de titel Antonius en Cleopatra yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1969 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VII, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas Otello, Kening Lear en Macbeth.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater