Oer-Hamlet
Oer-Hamlet | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Hamlet | |
auteur | William Shakespeare? Thomas Kyd? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | <1589 | |
1e publikaasje | (nea publisearre?) |
Oer-Hamlet, yn it Ingelsk: Ur-Hamlet, is de namme wêrmei't in ferlern gien toanielstik fan ûnbekend auteurskip oantsjut wurdt. Der waard foar it earst yn 1589 nei ferwiisd yn Thomas Nashe syn yntroduksje ta it stik Menaphon, fan Robert Greene, mear as tsien jier foar't de Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare yn 1603/1604 syn wiidferneamde trageedzje Hamlet, Prins fan Denemark skreau. Ut in ferskaat oan oerlevere ferwizings docht bliken dat in toanielstik mei Hamlet yn 'e haadrol al wolbekend wie yn 'e njoggentiger jierren fan sechstjinde iuw, en der is bewiis fan in opfiering fan it stik yn 1594.
Teoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't Nashe, dy't Oer-Hamlet as earste neamde, yn deselde passaazje ek ferwiisde nei de toanielskriuwer Thomas Kyd, en fanwegen de oerienkomsten tusken Shakepeare syn Hamlet en Kyd syn The Spanish Tragedy, wurdt wolris oannommen dat Kyd de skriuwer wie fan Oer-Hamlet, mar dat it stik nea publisearre waard en ferlern gien is.
Oare literêr histoarisy binne fan tinken dat Oer-Hamlet in iere ferzje west hawwe moat fan Shakespeare syn eigen toanielstik, en skoarje dy hypoteze troch derop te wizen dat Hamlet oerlevere is yn trije tige ferskillende foarmen, Q1 út 1603, Q2 út 1604 en F út 1623, wat derop wize kinne soe dat Shakespeare oer in langere perioade oan Hamlet pield en byskaafd hat. Wylst de persize relaasje fan 'e koarte en skynber embryoanyske tekst fan Q1 mei de lettere ferzjes noch net wis is, hawwe guon saakkundigen suggerearre dat it in eardere foarm fan it toanielstik is, wat betsjutte kinne soe dat Oer-Hamlet in noch eardere ferzje wie, of dat it miskien wol Q1 sels wie. De miening fan 'e mearderheid fan 'e saakkundigen is lykwols dat Q1 in ferwrongen ûnautorisearre ferzje wie, wat útlizze soe wêrom't Q2 sa fluch dernei publisearre waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|