In Trageedzje yn Yorkshire

Ut Wikipedy
In Trageedzje yn Yorkshire
algemiene gegevens
oarspr. titel A Yorkshire Tragedy
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <1608
1e publikaasje 1608, Londen

In Trageedzje yn Yorkshire, yn it Ingelsk: A Yorkshire Tragedy, is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw. It waard foar it earst útjûn yn 1608 en werprinte yn 1619. It waard yn 1608 opnommen yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, as in stik fan 'e wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare. Teffens hearde it yn 1664 ta de sân toanielstikken dy't útjouwer Philip Chetwinde tafoege oan syn saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk. Sadwaande wurdt In Trageedzje yn Yorkshire ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, al bestiet der tsjintwurdich yn akademyske fermiddens in konsensus dy't de taskriuwing oan Shakespeare fersmyt en it stik ynstee as it wurk fan Thomas Middleton sjocht. Ek Thomas Heywood en George Wilkins binne wol neamd as mooglike skriuwers, mar krekt as Shakespeare binne sy troch it meastepart fan 'e saakkundigen ôfwiisd.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Trageedzje yn Yorkshire giet oer in nammeleaze ealman út Yorkshire, dy't oars net docht as drinke en syn jild trochbringe, wylst er syn frou slacht en hûnsk behannelet en har derfan beskuldiget him ûntrou west te hawwen. Hy stjoert har nei Londen ta om har omke te bepraten en ferkeapje de lânerijen dy't har breidsskat foarmje foar baar jild. De frou oertsjûget har omke der lykwols fan om har man in amt oan it Keninklik Hof te besoargjen, yn 'e hope dat dat him oanfiterje sil om 'e drank stean te litten en syn hâlden en dragen te ferbetterjen. Mar as se wer thúskomt en him fertelt wat se dien hat, wurdt er alhiel breinroer en bedriget er har mei in dagge.

Aldergeloks arrivearret der krekt op dat stuit in gast, de master fan it universiteitskolleezje dêr't de ealman foarhinne oan studearre hat. Dy fertelt him dat syn jongere broer, in gâns ûnthjittende jonge, oppakt en finzen set is fanwegen de ûnbetelle skulden dy't de ealman sels makke hat. Nei't de master ôfset is, rekket de ealman alhiel telider slein. Hy beskriemt wat er fan syn libben makke hat en wanhopet oft it ea noch wat wurde sil. Hy komt ta de konklúzje dat der mar ien mooglikheid is om syn bern te behoedzjen foar in bidlersbestean, en dat is troch se sels te deadzjen.

Hy stekt syn âldste soan, in lyts jonkje, del, en smyt in faam mei syn middelste bern, in pjut, by de trep del. As syn frou en in tsjinstfeint him besykje tsjin te hâlden, stekt er syn frou ek del, wylst er de tsjinstfeint mei syn spoaren bewurket. Dan giet er derút om syn jongste bern ek te deadzjen, in poppe dy't by syn minne yn 'e hûs is. Underweis dêrhinne komt er de master mei dy syn beide feinten tsjin, dy't krekt op hûs oan sil. Erchtinkend wurden troch de ealman syn nuver hâlden en dragen, giet de master wer yn 'e hûs, en treft dêr it bloedbad oan. Hy lit in sirurgyn roppe en set sels mei tûzen hasten mei syn beide mânske feinten efter de ealman oan, dy't troch syn rimpenens fan it hynder smiten is en dy't se sadwaande witte te oermasterjen ear't er de poppe tenei komme kin. De beide âldste bern fan 'e ealman stjerre oan harren ferwûnings, mar syn frou oerlibbet it. As er einlings fuortfierd wurdt om berjochte te wurden, toant de ealman berou foar syn dieden, mar dan is it te let, al risselwearret syn frou om by it proses foar it libben fan har man te pleitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Chambers, E. K., The Elizabethan Stage (4 dielen), Oxford, 1923 (Clarendon Press).
  • Lake, David J., The Canon of Thomas Middleton's Plays, Cambridge, 1975 (Cambridge University Press).
  • Logan, Terence P., en Smith, Denzell S., The Popular School: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1975 (University of Nebraska Press).
  • Maxwell, Baldwin, Studies in the Shakespeare Apocrypha, New York, 1956 (King's Crown Press).
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater