De Fleurige Wyfkes

Ut Wikipedy
De Fleurige Wyfkes
algemiene gegevens
oarspr. titel The Merry Wives of Windsor
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1597
1e publikaasje 1602, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fleurige Wyfkes
publikaasje 1962, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Fleurige Wyfkes, yn it oarspronklike Ingelsk: The Merry Wives of Windsor, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de fette, korrupte âld ridder John Falstaff (dy't earder in rol spile yn Shakespeare syn keningsstikken Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2) twa rike troude froulju it hof makket mei as doel om oan jild te kommen. Hoewol't it stik yn namme ûnder it regear fan Hindrik IV (1399-1413) spilet, wurdt dêr mar ien kear nei ferwiisd en ymplisearret it fierders gewoan de Elizabetaanske Tiid1600). It "Windsor" út 'e Ingelske titel ferwiist nei Windsor Castle, yn it greefskip Berkshire. De Fleurige Wyfkes waard foar it earst publisearre yn 1602; it is net wis wannear't it stik skreaun is, mar de measte saakkundigen hâlde it op 1597. It stik is ferskate kearen adaptearre ta in opera. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Falstaff yn Windsor oankomt, sit er tige krap yn it jild. Om syn ponge by te foljen beslút er om twa pleatslike begoedige troude froulju, frou Ford en frou Page, it hof te meitsjen. Ut klearebare loaiens skriuwt er beide in frijwol identyk leafdesbrief, dy't syn beide feinten, Pistol en Nym, besoargje moatte. As de mannen dat wegerje, ûntslacht er harren op steande foet. Ut wraak geane Pistol en Nym nei de hearen Ford en Page ta en bringe Falstaff syn bedoelings oan harren út. Page sit nearne oer yn, mei't er syn frou wol fertrout, mar de jaloerske Ford wurdt daliks erchtinkend. Hy hellet de weard fan 'e Herberge fan 'e Hoasbân oer en bring him mei Falstaff yn 'e kunde ûnder de skûlnamme fan "master Brook", mei as doel om Falstaff fan deunby yn 'e rekken hâlde te kinnen.

Underwilens stykje trije ferskillende manlju om Anna, de dochter fan 'e hear en frou Page. Frou Page wol dat it fanke trout mei dokter Caius, in Frânsk medikus, wylst har heit wol dat se mei master Slender trout. Anne sels is fereale wurden op master Fenton, dy't har heit earder al ôfwiisd hat as mooglike houlikskandidaat, om't er syn famyljefortún dertrochhinne jage hat troch it te ferslampamperjen. Hugh Evans, in Welske predikant, besiket om frou Quickly, de tsjinstfaam fan dokter Caius, yn te skeakeljen om Slender te helpen, mar de dokter komt dêrefter en daget Evans út ta in duël. De weard fan 'e Hoasbân stekt dêr in stokje foar troch beide manlju in ferskillend moetingsplak foar it duël troch te jaan, ta grut fermaak fan himsels, de hear Page en ferskate oare stamgasten.

As de beide "fleurige wyfkes" de brieven fan Falstaff ûntfange, geane se dêr daliks mei nei-inoar ta, dat se komme der al rillegau efter dat it essinsjeel itselde brief is. No hiene se dochs al gjin belangstelling foar dy grouwe âld Falstaff, mar om wraak op him te nimmen foar syn misledigjend hâlden en dragen en foar harren eigen fermaak beslute se om sabeare op syn avânses yn te gean.

"Brook" (Ford) fertelt Falstaff ûnderwilens dat er fereale is op frou Ford, mar dat it foar him gjin sin hat en stykje nei har, mei't se te deugdsum is. Hy biedt oan om Falstaff te beteljen om har te ferlieden, mei't er sels miskien in kâns by har meitsje sil as se har eare ferlern hat. Falstaff, dy't mient dat it mês no oan twa kanten snijt, is dêr alhiel feringele mei. Hy fertelt "Brook" dat er al mei frou Ford ôfsprutsen hat wylst har man fuort is. As Falstaff him ôfjûn is, hâldt Ford in monolooch oer hoe wiis oft er sels is om syn frou te mistrouwen, en hoe'n omkoal oft de goederleauske Page wol net is.

As Falstaff arrivearret foar in frijaazje mei frou Ford komt al rillegau frou Page ek opdaagjen om frou Ford te warskôgjen dat har man ûnderweis nei hûs is. De beide froulju krije Falstaff safier dat er him ferskûlet yn in waskkoer fol smoarge, stjonkende klean. As de jaloerske Ford thús komt, litte de fleurige wyfkes de waskkoer ophelje en de ynhâld, Falstaff ynbegrepen, yn 'e rivier smite. Hoewol't dit syn grutskens al op it sear komt, is Falstaff opmerklik hurdlearsk. Hy beslút dat de froulju allinnich mar wolle dat er wat mear muoite docht, dat hy set fierder op it ynsleine paad.

Falstaff yn 'e Waskkoer, troch Johann Heinrich Füssli (1792).

As er foar de twadde kear frou Ford besiket, komt frou Page al hiel gau wer te warskôgjen dat Ford thúskomt. Op 'e nij wolle de froulju Falstaff yn 'e waskkoer ferskûlje, mar dêr trapet er gjin twa kear yn. Ynstee witte se him safier te krijen dat er him ferklaait as de fette âlde muoike fan frou Ford har tsjinstfaam. Ford besiket fannijs om syn frou te betraapjen, mar hy treft inkeld de grouwe âld muoike oan, dy't er net sjen of luchtsje kin, dat hy jout it minske in wan bruien en smyt har út 'e hûs. Bûnt en blau slein beklaget Falstaff syn ûngelok.

Uteinlik fertelle de froulju harren mannen oer de grappen dy't se mei Falstaff úthelle hawwe, en mei-inoar betinke se noch in lêste plan om him foar it hiele doarp foar gek te setten. Se sizze tsjin Falstaff dat er him ferklaaie moat as Herne de Jager (in Angelsaksyske wâldgod dy't foarsteld waard mei in hartegewei op 'e holle), en dat er harren dan opwachtsje moat ûnder in âlde iik yn it Wâld fan Windsor (no it Grutte Park fan Windsor). Dan ferklaaie se in stikmannich fan 'e jongerein as wâldgeasten mei de opdracht om Falstaff te knipen en te pripkjen en op oare manearen te gnjirdzjen. Under de ferklaaide jongerein is ek Anne Page. Har heit wol har yn it wyt klaaie en seit tsjin Slender dat er yn 'e gaos gau-gau it fanke yn it wyt skake moat. Har mem wol har yn it grien klaaie en seit itselde tsjin dokter Caius oer it fanke yn it grien. Anne en Fenton spanne gear om oaren yn it wyt en it grien te klaaien en tegearre út te naaien.

De froulju moetsje Falstaff en fuortendaliks begjinne de "wâldgeasten" him dan oan te fallen. Yn it trelit dat folget, stelle Slender, Caius en Fenton harren respektivelike breiden. Uteinlik dogge de froulju oan Falstaff út 'e doeken hoe't se him deryn rinne litten hawwe. Hoewol't er wat yn ferlegenheid brocht is, fettet er de grap opmerklike goed op — sels as Ford it jild weromeasket dat er Falstaff betelle hie — en jout er ta dat it net mear wie as dat er fertsjinne.

Dan komt Slender opdaagjen en seit dat er bedragen is: it "fanke" dat er skaakt hie om mei te trouwen, blykt in ferklaaide jonge te wêzen. Caius arrivearret fuort letter mei itselde nijs, allinnich, hy is mei syn jonge troud (yn 'e Elizabetaanske Tiid grif in gegeven fan hilaryske absurditeit, dat mei de ynfiering fan it homohoulik yn Ingelân yn 2013 dochs wat in oare lading krigen hat). Dan komme Fenton en Anne werom, dy't fertelle dat se faninoar hâlde en dat se no troud binne. De âldelju beslute it jonge pear te ferjaan en de nije skoansoan te akseptearjen. Uteinlik set it hiele selskip ôf om mei-inoar te feestfieren, wêrfoar't frou Page sels Falstaff útnûget.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Merry Wives of Windsor waard ûnder de titel De Fleurige Wyfkes yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1962 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. III, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske komeedzjes, lykas Folle Spul om Neat, Nei Jim Beleavjen en Lyk om Lyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. III: Komeedzjes: Folle Spul om Neat, De Fleurige Wyfkes, Nei Jim Bileavjen, Trije Keningejoun, Lyk om Lyk, Ein Goed, Alles Goed, Drachten, 1962 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater