Stationers' Register
It Stationers' Register wie in soartemint katalogus fan útjeften dy't byholden waard troch de Londenske Stationers' Company, in gilde fan 'e ûnderskate beroppen en ambachten dy't te krijen hiene mei de útjouwerij, lykas útjouwers, printers, boekbynders en boekferkeapers. It Stationers' Register bestie fan 1557, doe't de Stationers' Company in keninklike oarkunde krige om 'e útjouwersbrâns te regulearjen, oant 1710, doe't de Copyright Act (ek wol it Statút fan Anne neamd) fan krêft waard, dat de eardere bepalings oangeande it register ferfong. De Stationers' Company gie lykwols troch mei oare foarmen fan registraasje oant febrewaris 2000.
It Stationers' Register wie benammentlik bedoeld om it rjocht fan útjouwers op it publisearjen fan 'e registrearre wurken yn fêst te lizzen, en kin yn dy sin beskôge wurde as in iere foarm fan copyrightwetjouwing, temear om't de Stationers' Company neffens de keninklike oarkunde fan 1557 it rjocht hie om yllegale printingen yn beslach te nimmen en de publikaasje fan boeken dêr't gjin fergunning foar ferliend wie, te ferbieden. Hjoed de dei foarmet it Stationers' Register lykwols in tige weardefolle boarne oangeande histoaryske Ingelske literatuer, fral út 'e Elizabetaanske Tiid. Fan guon fan 'e toanielstikken fan William Shakespeare is bygelyks allinnich mar bekend wannear't se likernôch skreaun wêze moatte troch nei te gean wannear't se opnommen binne yn it Stationers' Register.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|