Shakespeariaanske histoaryske stikken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Shakespeariaanske histoaryske stikken binne in stikmannich toanielstikken dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde ieu skreaun waarden troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. De tradysjonele klassifikaasje fan Shakespeare syn wurk as trageedzjes, komeedzjes en histoaryske stikken komt út 'e gesachhawwende First Folio, út 1623. It is lykwols in problematyske yndieling, mei't alle histoaryske stikken teffens trageedzjes binne, en dus likegoed ûnder de Shakespeariaanske trageedzjes kategorisearre wurde kinnen hiene. Oarsom hearre ta de trageedzjes guon toanielstikken dy't skreaun binne op histoaryske basis en dus likegoed ta de histoaryske stikken rekkene wurde kinne soene, lykas Julius Caesar en Antonius en Kleopatra. Mar neffens de tradysje falle ûnder it kopke fan 'e histoaryske stikken inkeld de trageedzjes oer Ingelske keningen, wêrfan't Richard III de bekendste is. Dizze kategory soe sadwaande better oantsjut wurde kinne as de Shakespeariaanske Ingelske histoaryske stikken, of, sa't de Fryske Shakespeare-oersetter Douwe Kalma die, as de Shakespeariaanske keningsstikken.

Opsomming fan 'e Shakespeariaanske histoaryske stikken[bewurkje seksje | edit source]

Dit is in opsomming fan 'e toanielstikken dy't neffens de gesachhawwende First Folio, út 1623, de Shakespeariaanske histoaryske stikken foarmje:

Hjiroan soene noch tafoege wurde kinne twa stikken fan 'e Shakespeariaanske apokrifa, wêrfan't de taskriuwing oan Shakespeare twifelich is:

Trageedzjes fan Shakespeare op histoaryske basis dy't yn 'e regel net ta de Shakespeariaanske histoaryske stikken rekkene wurde, kinne yndield wurde yn twa espeltsjes. Yn it foarste plak binne der de Romeinske histoaryske stikken:

En oard binne der dan noch twa stikken dy't mei de skiednis fan 'e Britske Eilannen te krijen hawwe, mar folle fierder fan 'e histoaryske wurklikheid ôf steane as de wiere histoaryske stikken fan Shakespeare:

Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater