Doeke Bekius
Doeke Bekius (Gau, 14 novimber 1922 – De Haart, 8 juny 2013) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de ARP en letter fan it CDA.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekius wie hikke en tein yn Gau ûnder Snits. Nei de ULO kaam as 16-jierrige yn tsjinst fan de gemeente Wymbritseradiel, in gemeente mei 28 doarpen. Yn 1946 gie Bekius fan dy plattelânsgemeente nei de stêd Zutphen. Mei dy ûnderfining wie er yn 1951 ree foar in baan by de gemeente Apeldoorn; hy waard dêr sjef Algemiene Saken. Yn july 1961 waard er boargemaster fan Westdongeradiel en yn desimber 1966 folge syn beneaming ta boargemaster fan Kollumerlân en Nijkrúslân.
Mids 1976 waard Bekius boargemaster yn de gemeente Aalten yn de Gelderske Achterhoeke. It stedsje Bredevoort seach er as in geskink, dêr't er him entûsjast foar ynsette. Hy waard dêr yn 1988 ta "earedrost" beneamd[1].
Nei syn pensjoenearring is er yn de gemeente Aalten wenjen bleaun; hy bleau lid fan sawol Bredevoorts Belang as Haarts Belang. Bekius waard nei syn pensjoenearring in warber lid fan de VKK (Vereniging van Kleine Kernen) Gelderlân. Ein 1987 begûn er dêr as adviseur fan it bestjoer, mar hy waard al gau bestjoerslid en wie dêrnei jierren efterinoar foarsitter.
Hy wenne en stoar yn de buorskip De Haart, yn de gemeente Aalten.
Hy waard op 14 juny beïerdige yn syn bertedoarp Gau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|