Sipke Huismans

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sipke Huysmans)
Ds Sipke Huismans

Sipke Huismans, (Loaiïngea, 10 maart 1873 - Doetinchem, 19 july 1924) wie in grifformearde dûmny.

Hy studearre oan de Frije Universiteit fan Amsterdam en waard beynfloede troch Abraham Kuyper. Huismans stie yn Eanjum fan 1901-1916. Yn eigen fermidden krige er in soad ferset troch syn Frysk nasjonalisme. Wie mei-oprjochter en earste foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip. Joech de Fryske Beweging in prinsipiële grûnslach. Under de skûlnamme De Poartewachter skreaun er yn it 'Friesch kerkblad'. Fan 1916-1924 stie er yn Doetinchem dêr't er ek ferstoar. Hy waard te hôf brocht yn syn berteplak Loaiïngea.

Huismans syn Fryske wurk waard sammele en útjûn as Ta in tinkstien (1927) mei in libbensskets troch Geert Aeilco Wumkes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Huismans, Sipke.
  • Biografysk Wurdboek fan Protestantske Gelearden yn Nederlân A-L