Springe nei ynhâld

Nûmerflinter

Ut Wikipedy
nûmerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai atalantaflinters (Vanessa)
soarte
Vanessa atalanta
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De nûmerflinter (Vanessa atalanta) is in soarte yn it skaai fan de atalantaflinters (Vanessa).

De nûmerflinter is in echte trekflinter. Hy kin yn Nederlân allinnich oerlibje yn hiele sêfte winters. Fan Súd-Europa út trekt er alle jierren nei it noarden ta. Yn goeie trekjierren kin dizze flinter yn hiel Nederlân sjoen wurde. Yn septimber kinne trekkende nûmerflinters dy't wer nei it suden ta gean yn groepkes waarnommen wurde.

De flinter is altyd wer te kennen oan de patroanen op de wjukken. De boppenside fan de wjukken hat in hast kringfoarmich oranje patroan, wylst it patroan op de ûnderside sifereftige foarmen hat. Under de rjochterwjuk liket it nûmer 98 te stean. De wjuklingte is 26 oant 32 mm.

De flinters kinne sjoen wurde fan maaie oant oktober. Der is mar ien generaasje.

De rûp kin 35 mm lang wurde. Der binne grutte ferskillen yn it uterlik fan de rûpen. It liif farieart fan grien oant donkerbrún en swart, mar it kin ek giel wêze mei swarte flekken. De rûp bestiet út ferskillende segminten. Elk segmint hat fertakke toarntsjes yn de kleuren fan it liif. De rûp libbet yn in byinoar-spûn blêd. Yn Nederlân groeie de rûpen yn de simmerperioade. De measte rûpen stjerre yn 'e hjerst.

De rûp fret fan de grutte brânnettel en de lytse brânnettel.

Op meloen.
Wjukken sletten.
Wjukken iepen.