Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerkestrjitte (Snits)

Ut Wikipedy

De Grutte Tsjerkestrjitte is in strjitte yn de binnenstêd fan Snits.

De strjitte is neamd nei de oan de strjitte steande Grutte Tsjerke, dêr't de strjitte de eastside fan omslút. De westlike omsluting is it Ald Tsjerkhôf.

De Grutte Tsjerkestrjitte is ûntstien yn 1643 doe't de Ried fan Snits besleat dat der in trochgong komme moast fan de Merkstrjitte nei de doetiidske Grut Suderein, no de Alde Komerk. Dêrta waarden huzen oankocht dy't sloopt waarden.

Oan de strjitte sit yn de eastgevel fan de tsjerke de Betinkingsstien foar Sneuvele Kanadezen.