Springe nei ynhâld

Ald Tsjerkhôf (Snits)

Ut Wikipedy

It Ald Tsjerkhôf is de strjitte dy't oan de westlike side de Grutte of Martinitsjerke fan Snits omslút. It eastlike part fan dy ûntsluting is de Grutte Tsjerkestrjitte.

De namme fan de strjitte komt fan it eardere tsjerkhôf fan de Martinitsjerke. It begraafplak fan dit tsjerkhôf sit foar in part noch ûnder de befluorring. Dy deade-ikker waard yn 1827 sluten en ferpleatst nei bûten de stêd. Ta dit ferplakken waard besletten om sykten bûten de stedsmuorren hâlde te kinnen. Dit wie motivearre troch de epidemy dy't nei de Wettersneed fan 1825 útbruts yn Snits. De nije lokaasje, no de Algemien Begraafplak Snits, waard keazen om't hjir earder it Janiterkleaster stean hie, en it dêrom wijde grûn wie.

It oarlochsmonumint

Njonken de tsjerke stiet it Oarlochsmonumint fan Snits. Dit monumint is hjir yn 1950 setten. Foarhinne stie it yn oare foarm oan de oare kant fan de strjitte en dêrfoar njonken de eardere Waach fan Snits.

Oan de westkant fan de tsjerke is in protte romte. Dit is ûnder oare om't de tsjerke nei dy kant net útwreide is, en it westporteal en de tuorren binne sels ôfbrutsen is. Yn 1970 is grut boaiemûndersyk dien in de strjitte. Doe binne meardere resten fan de tsjerke, begraafplak en eardere bewenners fûn. De eardere foarmen fan de tsjerke binne mei stienen yn it gêrs om de tsjerke oanjûn.

Yn 2002 is de rest fan de romte fan it Ald Tsjerkhôf opnij ynrjochte. Hjirby binne de yn 1682 weihelle westtuorren fan de tsjerke middels hurdstiennen podia sichtber makke. De werynrjochting is útfierd nei in ûntwerp fan de Deenske lânskipsarsjitekt professor Swen-Ingvar Anderssen. Yn it befluorringspatroan binne, as strielen rjochte op de preekstoel fan de tsjerke, banen hurdstien oanbrocht.

Troch de werynrjochting hat de romte foar de tsjerke no in pleineftige útstrieling. Der wurde faak eveneminten hâlden, wêrûnder yn 2005 de lanlike yntocht fan Sinteklaas. Hjir wurdt ek alle jierren it evenemint Lekker Snits hâlden.

De bebouwing oan de westkant fan it Ald Tsjerkhôf is de oarspronklike bôge fan hôfrânbebouwing; stipe troch beplanting hat it de útstrieling fan in hofke. Oare kant de oarspronklike útgong fan it hôf nei de Tsjerkegrêft stiet súd hjirfan de hjoeddeiske Martinistate, foarhinne stie hjir it Gymnasium en letter ek de Brânwarkazerne fan Snits. Eastlik dêrfan, oarekant de trochgong nei it Martiniplein is in rygje winkels, dy't by it krúspunt mei de Grutte Tsjerkestrjitte, de Ald Komerk en de Galigastrjitte oanslute op it winkelsintrum fan Snits.

Oan de noardkant fan de strjitte steane de eardere Jan fan Nassauskoalle en de Ebenezerskoalle, dy't sûnt 2011 opnaam binne yn it Kultureel Kertier Snits. Oarekant fan de útgong nei de Merkstrjitte, oant de oansluting mei de Grutte Tsjerkstrjitte, is de bebouwing fral de efterkant fan dy fan de Merkstrjitte.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: