Martinytsjerke (Snits)
Grutte of Martinytsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Grutte Tsjerkstrjitte | |
koördinaten | 53°1' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
boustyl | letgotysk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34008 | |
Webside | ||
Side PKN Snits | ||
Kaart | ||
De Grutte of Martinitsjerke is in tsjerkegebou fan 'e protestantske gemeente yn it sintrum fan Snits. De namme is ôflaat fan Sint-Maarten, de skutspatroan fan 'e stêd.
De Martinytsjerke is in trijeskippige basilyk. De tsjerke is foar besichtiging regelmjittich iepen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 11e iuw waard yn Snits op in terp in tsjerke boud fan dowestien, dy't nei alle gedachten in houten tsjerke ferfong. De omtrek fan 'e âldere fûneminten fan 'e tsjerke binne yn it plaveisel fan it Ald Tsjerkhôf oanjûn. Mei't Snits tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw foar in grut part troch brân ferneatige waard en yntusken in selsstannich dekanaat wie, waard op dat stee in romaanske tsjerke mei in westwurk fan trije tuorren boud. Yn 1489 folge de bou fan in houten klokketoer mei liedklokken út 1466 en 1543.
Yn 1498 waarden it koar en it skip yn goatyske styl fernijd. De sakristy oan 'e súdkant is út de 16e iuw en wurdt no as konsistoarjekeamer brûkt.
Mei de reformaasje yn 1580 gie de tsjerke oer yn protestantske hannen. It ynterieur waard geskikt makke foar de grifformearde earetsjinst. De alters en bylden ferdwûnen en it oargel mocht net mear brûkt wurde. Yn 'e 17e iuw waard de tsjerke wer wat oanklaaid mei skilderstikken en tekstbuorden. Yn 1681 stoarte de middelste fan de trije tuorren fan it westwurk yn. Ek de oare beide tuorren waarden doe ôfbrutsen en by de werbou net op 'e nij boud.
Yn 'e 18e iuw waard de âlde dakruter troch in koepel ferfongen. Mei de Bataafske Revolúsje yn 1795 waarden yn it ramt fan "Frijheid, gelykheid en bruorskip" de brânskildere ramen ferfongen troch helder glês en de roubuorden en famyljewapens ferwidere.
Fanwegen it gewicht fan 'e koepel moasten yn 1925 de pylders restaurearre wurde. Ek waard de tsjerke op it elektrysk oansletten. Grutte restauraasjes fûnen yn 'e jierren 1970 en 1980 plak.
Kontroversjele ferbouwing 2021-2023
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de grifformearden en herfoarmen yn 2010 fusearren ta ien tsjerkegenoatskip, waarden de eardere grifformearde Easter- en Sudertsjerke ferkocht. De PKN-gemeente fan Snits hold dêrmei allinne de earder herfoarme Martinytsjerke oer. Mei de opbringst wie in ferbouwing fan 'e tsjerke mooglik om it gebou multyfunksjoneel te meitsjen. Op it plak fan 'e ôf te brekken kosterswente tusken de klokketoer en it eastlike koer ûntwurp de arsjitekt Gerben Brouwer in modern, ellipsfoarmige mintgriene oanbou foar ekstra romtes en in keuken. It plan soarge foar in soad wjerstân en op 'e FB-side fan 'Sneek su het ut weest' ferskynden hûnderten negative reaksjes.[1]
Yn novimber 2021 sette de restauraasje en de nijbou dochs útein. De yndieling fan 'e tsjerke waard oanpast en tusken de klokketoer en it koer ûntstie it moderne ûntwerp fan Gerben Brouwer. De tsjerke waard mei Peaske 2023 foar it earst wer brûkt. De kosten fan it projekt wiene op 2,1 miljoen euro begrutte.[2]
Portalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan alle fjouwer kanten hat de tsjerke in portaal:
- Oan 'e eastkant is de âldste tagong mei in poarte út 1652.
- Oan 'e westkant is in tagong dy't oanlein is nei't it westwurk fan 'e tsjerke ôfbrutsen is (1681).
- Oan 'e súdkant is in lytse houten yngong foar de earmen en wezen.
- Oan 'e noardkant is oan 'e kant fan it stêdhûs de klassisistyske haadyngong.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadoargel is boud yn 1710-1711 troch de ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger. Yn 1925 waard it noch oarspronklike Schnitgerpedaal ferfongen troch in nij pedaal mei pneumatyske kegelladen.
Yn 1988 waard it oargel restaurearre troch Bakker & Timmenga út Ljouwert en it pedaal fan 1925 waard ferfongen troch in pedaal mei meganyske traktuer. Ek waard it ynstrumint útwreide mei in rêchwurk yn 'e besteande oargelkas. It oargel hat no 39 stimmen, ferdield oer haadwurk, rêchwurk, swelwurk en pedaal. Tusken 2021 en 2023 ûndergie it oargel noch in grutte restauraasje.
Koaroargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1985 waard it koeroargel yn gebrûk nommen. It is boud troch J.L. v.d. Heuvel út Doardt neffens in ûntwerp fan Cavaillé-Coll (1811-1889).
Kariljon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Snitser beiaard is it grutste klokkespul fan Fryslân en ien fan 'e grutste fan Nederlân. Der binne 50 klokken, krektas yn 'e Domtoer yn Utert. De grutste beiaard fan Nederlân bestiet út 67 klokken en hinget yn 'e toer fan 'e Grutte of Us-Leaffroutsjerke yn Dordrecht. Hoewol't de Martinytsjerke oant 1681 trije tuorren hie, hongen de klokken yn in klokhûs. Yn it earstoan stie dy noardwestlik fan 'e tsjerke, dy't yn 1489 boud waard.
Sûnt 1963 wie Dirk S. Donker (1941) stedsbeiaardier fan Snits. Yn 2023 waard Donker nei 60 jier opfolge troch de tsjerkemusikus Bob van der Linde.[3]
Jongeskoar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Martiny-jongeskoar is troch Dirk Donker stifte en bringt Ingelske koarmuzyk.
Stichting Kulturele Eveneminten Martinytsjerke Snits
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elke moanne organisearret de Stifting Kulturele Eveneminten in foarstelling yn 'e tsjerke.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Liturgysk sintrum.
-
Boerd Wet fan de Heare.
-
Brânskildere raam.
-
Koeroargel.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kerk en Orgel, skiednis en disposysje Schnitger-oargel
- Kerk en Orgel, skiednis en disposysje koer-oargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|