Springe nei ynhâld

Aristide Cavaillé-Coll

Ut Wikipedy
Aristide Cavaillé-Coll
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 4 febrewaris 1811
berteplak Montpellier
stoarn Parys
stjerplak 13 oktober 1899
wurkpaad
berop/amt Oargelbouwer
hantekening

Aristide Cavaillé-Coll (berne yn Montpellier op 4 febrewaris 1811 – ferstoarn yn Parys op 13 oktober 1899) wie in Frânsk oargelbouwer. Hy wurdt as de ynfloedrykste oargelbouwer fan de 19e iuw beskôge. Syn grutste en bekendste oargel stiet yn 'e Saint-Sulpice yn Parys. Dat oargel mei 100 registers en fiif manualen bleau oant de dei fan hjoed yn de oarspronklike steat bewarre en stiet op de nominaasje om opnommen te wurden yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Cavaillé-Coll dynasty[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 febrewaris 1767 boaske Jean-Pierre Cavaillé út in weversskaai mei de sylmakkersdochter Maria-Francesca Coll út Barselona. Harren neiteam droech tenei de namme Cavaillé-Coll. In omke fan Jean-Pierre, Gabriel Cavaillé út Toulouse, learde Jean-Pierre it ambacht fan 'e oargelbou. Syn soan, Dominique Cavaillé-Coll (1771-1862) waard ek oargelbouwer, lykas dy syn soannen Vincent en Aristide. It famyljebedriuw boude fral oargels yn Súdwest-Frankryk en yn Kataloanje.

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei troch oarloggen en revolúsjes moast de famylje Cavaillé-Coll wikseljend yn Frankryk en Spanje wenje. Yn 1827 sette de famylje him yn Toulouse nei wenjen. De bruorren Vincent en Aristide holpen harren heit Dominique Cavaillé-Coll regelmjittich by syn wurk as oargelbouwer. Yn 'e âldens fan 16 jier sette Aristide yn Toulouse útein mei de oplieding 'Enseignement de Géométrie et de Mécanique appliqué aux Arts et professions industrielles' fan 'e arsjitekt Urbain Vitry (1802-1863). De oplieding wie útsoarte technysk; Aristide krige fral les fan ingenieurs en natuerkundigen en Aristide die û.o mei oan de ûntwikkeling fan in nij model sirkelseage.

Tegearre mei syn heit en syn broer ûntwikkele Aristide yn 'e jierren 1840 it Poïkil-oargel, in lyts type harmoanium. It nije oargel makke djippe yndruk op de ferneamde Italiaanske komponist Gioacchino Rossini, dy 't foar de útfiering fan de opera Robert le Diable fan Giacomo Meyerbeer yn 1832 yn Toulouse wie. Mei tank oan de stipe dêrnei fan de politikus Adolphe Thiers krige Aristide mei syn folk yn 1833 de kâns om de kwaliteit fan harren oargelbou ûnder it omtinken fan it publyk yn Parys te bringen.

Parys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Parys sette Aristide Cavaillé-Coll him yn 'e Faubourg Saint-Germain oan de Quai Voltaire 11 nei wenjen. De jonge skilder Eugène Delacroix hierde ek in keamer yn it gebou. Adolphe Thiers wie yntusken minister woarn en yntrodusearre de twa jonge manlju yn 'e kulturele boppelaach fan Parys, dêr't in soad frijmitselders tusken sieten. Doe't it atelier oan de Quai Voltaire te lyts waard, ferhûze Cavaillé-Coll nei de rue Notre-Dame-de-Lorette.

De oargelmakkerij yn Parys

Aristide's heit Dominique wist dat der in nij oargel nedich wie foar de katedraal fan Saint-Denis en dat waard de earste grutte opdracht yn Parys. Tegearre mei syn heit en syn broer krige Aristide dêrnei de iene nei de oare opdracht, net allinne yn Parys mar ek yn oare Frânske plakken.

Cavaillé-Coll ferhûze noch trije kear yn Parys. Syn bekendste atelier yn 'e Avenue du Maine 13-15 wie in âld stedspaleis, dat er ek brûkte om te eksposearjen. It bedriuw fan Cavaillé-Coll wie tige bekend, yn Parys mar ek ûnder komponisten. Sa bestelden Eugène Gigout en Charles Gounod alle twa in stúdzjeoargel by it bedriuw. Ek de Frânske adel wie klant en Cavaillé-Coll waard jimmeroan ferneamder, sadat er ek bûten Frankryk namme krige en de opdrachten sels fan bûten Europa kamen.

Cavaillé-Coll stie ek bekend om syn finansjele swierrichheden. Hy hold him fral dwaande mei de oargelboukeunst en de sinteraasje krige dêrby minder omtinken. De keunst fan syn ynstruminten, dy't syn gelikense yn dy tiid net hie, wie net genôch om it besteansrjocht fan syn bedriuw te garandearjen. It bedriuw waard yn 1898, flak foar syn dea, troch Charles Mutin oernommen. Mutin gie troch mei de oargelbou, mar troch ferskillende oarsaken moast Mutin yn 1924 it atelier ferkeapje en tsjin it ein fan 'e jierren 1940 wie it dien mei de oargelbou fan it bedriuw.

Nei de oerdracht fan it bedriuw ferhûze Cavaillé-Coll mei syn dochter Cécile nei de Rue du Vieux-Colombier, yn 'e buert fan 'e Saint-Sulpice. Hy ferstoar op 13 oktober 1899 yn 'e âldens fan 88 jier en waard begroeven op it begraafplak fan Montparnasse.

Oargelbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cavaillé-Coll hie yn syn tiid al namme makke om de kwaliteit fan syn oargels. Hy wie in master yn 'e bou fan saneamde symfoanyske oargels, dy't de klank fan ôfsûnderlike ynstruminten en ensembles ferfange koe. De oargels fan Cavaillé-Coll foarmen yn 'e 19e iuw foar komponisten as Charles-Marie Widor en Louis Vierne de ynspiraasje foar it skriuwen fan oargelsymfonieën.

De oargels fan Cavaillé-Coll hawwe in klank dy't tagelyk stevich helder als djip wêze kin. Dat effekt foege er fral ta yn syn lettere wurk troch hast gjin aliquoten mear te bouwen, wêrmei it oargel faak syn typyske drokke mingde klank ferliest. Fan de klassike oargelregisters bewarre er allinne de kornet, dy't tige geskikt is as solostim. Dêrnjonken mocht Cavaillé-Coll foar in ekstra folle klank graach oer in 16' op it haadwurk en oer sêfte heldere tongewurken lykas de hautbois 8'.

Cavaillé-Coll ûntwurp in goede kwaliteit mensueren mei in unike klankkleur. By in soad fan syn oargels hat elts klavier in eigen karakter. Dat wurdt û.o. mooglik makke troch in aparte wyndruk foar elts klavier.

List fan oargels fan Cavaillé-Coll (net folslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel Saint Sulpice, Parys
Oargel Notre Dome, Parys
Haadoargel Basilica Saint Denis

Frankryk bûten Parys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abbaye aux Hommes, Caen
Haadoargel katedraal fan Nancy

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koeroargel Bonifatiustsjerke, Ljouwert
  • 1865: Nunspeet: Ned. Herf. Sionstsjerke (oarspronklik boud foar it Redemptoaristenkleaster fan Antwerpen)
  • 1875: Haarlim: Oargel fan de Filharmony (oarspronklik boud foar it Amsterdamske Paleis foar Folksflyt)
  • 1879 Amsterdam: Begynhôfkapel fan de HH Jehannes en Ursula
  • 1881: Amsterdam-West: Kapel fersoargingssintrum Nieuw Vredenburgh (oarspr. boud foar de Star, letter de Sint-Augustinustsjerke oan de Postjesweg)
  • 1885: De Haach: Waalske Tsjerke
  • 1886: Ljouwert: Sint-Bonifatiustsjerke (koeroargel dat oarspronklik boud waard foar de Katolike Skoallemienskip De Breul yn Katwyk)[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Aristide Cavaillé-Coll