Katedraal fan Amiens

Ut Wikipedy
Us-Leaffrou fan Amiens

Notre-Dame d'Amiens

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Hauts-de-France
departemint Somme
plak Amiens
adres 30 Place Notre Dame
koördinaten 49° 53' N 2° 18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Amiens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 12e iuw-14e iuw
boustyl Gotyk
hichte 112,70 (krusingstoer)
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side bisdom Amiens
Kaart
Katedraal fan Amiens (Frankryk)
Katedraal fan Amiens

De Katedrale basilyk fan Us-Leaffrou (Frânsk: Notre-Dame) is de katedraal fan it Frânske bisdom Amiens. It is de grutste goatyske katedraal fan it lân en heart mei de katedraal fan Chartres, Reims en Bourges ta de suverste foarbylden fan de Frânske gotyk. Paus Pius IX ferliende de katedraal op 12 desimber 1854 de status fan basilyk en sûnt 1981 stiet de katedraal op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Mei de bou fan de katedraal waard yn 1220 útein set nei't de romaanske foargonger yn 1218 troch brân ferneatige wie. Oars as wenst waard net begûn mei it koer mar mei de bou fan it skip, dat al yn 1247 foltôge waard en in hichte hat fan hast 43 meter. De hiele katedraal wie yn 1269 foltôge. Yn de jierren 1292-1375 folge de bou fan in tal kapellen tusken de steunbearen fan de sydskippen.

Yn de 19e iuw restaurearre Viollet-le-Duc nei in lange tiid fan fertutearzging de katedraal. De restauraasje duorre 25 jier en wie net hielendal sûnder striid om't er eleminten oan it ynterieur tafoege dy't it midsiuwske gebou nea kend hie. Ek de gevel waard feroare troch it oanbringen fan in twadde galerij tusken de boppeste dielen fan de tuorren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de 13e iuw belibbe Amiens in tiid fan grutte wolfeart. De stêd profitearre fan de lokaasje tichteby Flaanderen, dêr't de lekkenyndustry bloeide. Mar it wie fral de hannel yn wede (Isatis tinctoria) dy't in soad minsken ryk makke. Wede waard brûkt foar it ferfjen fan lekkens en Amiens hie dêr it monopoly op. Oan golle jeften wie der datoangeande gjin brek doe't it bisdom de bou fan in gigantyske katedraal bekend makke. De hannel yn wede ferklearret ek dat de aksiale Marijekapel oarspronklik wijd wie oan "Us-Leaffrou fan it Lekken".

De hollerelikwy fan Jehannes de Doper yn de katedraal fan Amiens

It wie biskop Évrard de Fouilloy dy't de earste stien ûnder de pylder lei, dy't it byld fan de Vierge Dorée (oers.: Fergulde Jongfaam) by it súdlike portaal fan it transept draacht. In foar de kristenheid weardich relikwy fan Jehannes de Doper, nammentlik de plasse, moast in weardich ûnderkommen ha dat oerien kaam mei it belang fan de persoan en om pylgers út hiele Europa te ferwolkomjen moast der yn it grut tocht wurde.

Boumaster Robert de Luzarches woe fan de nije katedraal in stiennen bibel meitsje, dy't de lear fan de religy oan it kristlike folk fertelle koe. Letter waard der oer de katedraal as de Bibel fan Amiens praat.

Tsjerkeskip

De bou begûn mei it lizzen fan de fûneminten yn 1220 en it lizzen fan de earste stien yn itselde jier, lykas ek bliken docht út de ynskripsjes yn it labyrint en boppe it portaal fan de Fergulde Jongfaam. Noch koart foar dy tiid wiene de stedsmuorren ferlein; yn 1190 wiene de muorren nei it easten ta ferlein en fuort dêrnei yn 1193 ek nei it suden. Dêrmei ûnstie der mear romte foar it ûnbidich grutte bouprojekt: in katedraal fan 145 meter lang en (by it dwersskip) 70 meter breed. Foar de bou waard de Sint-Firminustsjerke ôfbrutsen, dy't eartiids op it plak stie fan it noardlike dwersskip. En ek it Hôtel-Dieu moast ôfbrutsen wurde om plak te meitsjen foar de noardlike toer fan de katedraal. Oars as wenst waard útein set mei de bou fan it skip fan de tsjerke. Ynearsten bleau it romaanske koer noch yn gebrûk foar de earetsjinst.

Boumaster Robert de Luzarches ferstoar yn 1222, lykas ek biskop Évrard de Fouilloy. De nije biskop, Geoffroy d'Eu, fertroude it wurk ta oan Thomas de Cormont. It jild foar de nijbou kaam fan alle kanten binnen en it wurk gyng mei grutte faasje fierder. Yn 1225 wie it portaal klear, yn 1228 wiene de muorren fan it skip al op de hichte fan it ferwulft en yn 1230 wie it skip foltôge.

Om 1236 hinne, doe't Geoffroy d'Eu ferstoar, wie de bou fan de gevel al ta oan de kroanlisten boppe it roasfinster en waard de basis lein fan it dwersskip. It skip fan de katedraal waard ynwijd foar de earetsjinst. De nije biskop Arnoul de la Pierre sette yn de jierren 1236 oant 1247 útein mei de twadde faze fan de bou fan it koer, de omgong en de kapellekrâns, mar nei 1240 eine it wurk minder hurd fanwegen de sinteraasje. ​De omgong waard lykwols noch foltôge, dêr't Arnoul yn 1247 begroeven waard. De sânde krústocht ûnder lieding fan kening Loadewyk easke no it jild op. Yn de jierren 1240 folge Renaud de Cormont syn heit Thomas de Cormont op as boumaster fan de katedraal.

Koer

In brân ferneatige yn 1258 de apsiskapellen, mar it wurk waard fan 1260 oant 1269 wer oppakt. It koer wie doe ek foltôge, lykas bliken docht út it ynbringen fan de brânskildere ramen: Bernardus Episc, dedit me - MCCLXIX. De rûge bou fan de goatyske katedraal wie ynklúsyf de ferwulften dêrmei foltôge, mar de tuorren moasten doe noch ôfboud wurde.

Under it episkopaat fan Guillaume de Mâcon waard de krusingstoer boud en ek it dakstuolte nadere syn foltôging. Guillaume de Mâcon liet ek de finsters yn de hege dielen fan it dwersskip en it skip fan brânskilderd glês foarsjen. Der folgen noch ferbouwings oan it koer en de apsis, mooglik nei oanlieding fan de ramp mei de bou fan de katedraal yn Beauvais.

Tusken 1290 oan 1375 folge de bou fan de sydkapellen, dy't net yn de oarspronklike plannen stiene. Der binne alve boud, seis yn de noardlike sydbeuk en fiif yn de súdlike sydbeuk. De âldste kapellen steane yn it easten en de lêste kapellen waarden yn it westen boud.

De súdlike toer waard yn 1372 foltôge. De noardlike toer soarge foar swierrichheden by de bou: yn 1375 moast foar dy toer foar de stabiliteit in fersterking boud wurde, sadat dy toer pas yn 1402 foltôge waard.

Barok Haadalter

It Konsylje fan Trente brocht in nije liturgy en in soad feroarings yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, mar Amiens bleau troch de konservative ynslach noch lang trou oan de wenstige riten fan it ferline. Pas yn de 18e iuw fûnen der nei in brân yn it koer feroarings plak. It doksaal waard yn 1755 ôfbrutsen en ferfongen troch in smei-izeren koerhek, sadat de tsjerkegongers sicht krigen op it koer. De tsjerke krige yn dy tiid ek in nij houten heechalter en ek de flier waard ferijd.

It anty-klerikale belied yn de jierren 1793-1794 yn de tiid fan de Frânke Revolúsje hie ek gefolgen foar de katedraal fan Amiens. Yn desimber 1793 fernielden frijwilligers út Lille mei harren swurden de bylden fan it koerhek. Ek de fleur-de-lis motiven op de muorren fan de kapellen waarden fernield. Fierder waarden in byld fan Sint-Loadewyk fernield en krusen ferwidere, mar it grutste diel fan it ynterieur bleau bewarre. Nei twa jier ûntwijing fan de katedraal waard it bouwurk yn 1795 wer oerdroegen oan de Roomsk-Katolike Tsjerke. In yn dy tiid ta in goadinne fan de rede omfoarme byld fan Sint-Genoveva is tsintwurdich noch yn it súdlike transept te sjen op it alter fan de Kapel fan Us-Leaffrouwe fan Puy.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan de katedraal

De katedraal hat in grûnplan fan in latynsk krús, it skip en it dwersskip hawwe sydskippen. It koer is fiifskippich en wurdt mei in krâns fan sân kapellen omfieme, werfan't de middelsten oerienkomsten hawwe mei de arsjitektuer fan de Sainte-Chapelle yn Parys, dy't yn 'e selde tiid boud waard. De opbou is trijeliddich: arkades, trifoarium en ljochtbeuk mei hege finsters. De pylders binne rûn en wurde flankearre troch kolonettes.

De opbou fan de westlike gevel is harmonysk troch in fertikale en horizontal ferdieling yn trije dielen. De trije portalen, it trifoarium mei de keningsgalerij dêrboppe en it roasfinster foarmje de horizontale lidding. De twa brede steunbearen bringe in fertikale yndieling ta stân. De gevel wykt nei boppe ta hieltiten wat werom, sadat der romte ûntstie foar dekorative pinakels. De tuorren binne net fjouwerkant lykas wenst mar rjochthoekich twaris sa breed as djip. Om't de fûneminten wol fjouwerkant binne is it oannimlik dat jildbrek liede ta feroaring fan de útfiering fan de bouplannen.

De rjochter toer is iergoatysk, de lofter toer is mei de rike fersierings letgoatysk. Op de ûnbidich grutte steunbear dy't needsaaklik wie fanwegen it terrein, waarden njoggen 14e iuwske bylden set. De ûnderste rige wurdt foarme troch de Jongfaam Marije, Jehannes de Doper en Sint-Firminus, dêrboppe kening Karel V fan Frankryk en syn soannen en boppe kardinaal Jean de La Grange en twa ûnbekenden.

Portalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De portalen fan de westike gevel en it dwersskip folgje in teologysk programma.

Portaal fan it Jongste Gerjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Jongste Gerjocht

It timpaan fan dit portaal betinkt dat der ea in oardiel oer de minske jûn wurdt. Under steane de minsken op út harren grêven en de aartsingel Michael weget harren sielen. In duvel besiket yn syn foardiel oan de skaal te lûken. Yn it midden wurde de feroardielden fan de rjochtfeardigen skieden en neaken yn de bek fan de Leviatan dreaun. Boppe lit Kristus syn wûnen sjen. Marije en Jehannes de Doper knibbelje foar Kristus as foarspraak foar it heil fan de sielen. Oan wjerskanten steane ingels mei yn harren hannen it krús en de spear dy't yn de side fan Kristus stutsen waard.

Op de trumeau stiet Kristus de Ferlosser. Oan wjerskanten fan de doarren steane de bylden fan de tolve apostels en de fjouwer profeten Daniël, Ezechiël, Jesaja en Jeremia.

Firminusportaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Detail Pikardyske kalinder

It timpaan fan dit portaal is wijd oan de skiednis fan Sint-Firminus. Lofts en rjochts fan de doar steane in rige hilligen fan it bisdom Amiens en twa ingels. De muorre fan dit portaal is dekorearre mei medaillons yn de foarm fan in fjouwerpas mei foarstellings fan de diereriem en it wurk fan boeren, lykas it siedzjen, it slachtsjen fan bargen en it rispjen. Oan de klean is te sjen om hokker moannen of tiid fan it jier is. De rige medaillons wurdt dêrom ek wol de "Pikardyske kalinder" neamd.

Marijeportaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súdlike (rjochter) portaal is wijd oan Marije. It ûnderste diel fan it timpaan is fersierd mei de bylden fan âldtestamintyske persoanen. It portaal is wijd oan Marije's dea en op de trumeau stiet in grut byld fan in Madonna dy't op it kwea trapet. It is in tige statysk byld neffens it foarbyld fan de bylden fan de katedraal fan Chartres.

De bylden yn de ûndjippe nis rjochtsboppe foarmje trije foarstellings út it libben fan Marije: de Ferkundiging, de Fisitaasje en de Presintaasje fan Jezus yn 'e Timpel en lofts fan binnen nei bûten de keninginne fan Seba, kening Salomo, kening Herodes de Grutte en de Trije Kenings, dy't by de beam fan de kennis fan goed en kwea steane. De duvel ferskynt as slang mei it gesicht fan in moai frommis. It giet om Lilit, in persoan dy't net yn de Bibel foarkomt mar wol yn de rabbiale skriften fan de Talmoed fan Babyloanje. Neffens de joadske tradysje wie Lilit de earste frou fan Adam. Hja woe har net deljaan yn in ûndergeskikte rol yn in leafdesferhâlding en ferliet it ierdske paradys. Ek woe hja net nei God harkje; hja naam it beslút in duvelinne te wurden en brocht Adam en Eva yn 'e ferlieding om dôfhûdich foar God oer te wurden en stoartte sa de minske yn 'e erfsûnde.

Keningsgalerij, trifoarium en roasfinster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westlik roasfinster

Fuort boppe de trije portalen fan de westlike gevel is in galerij mei bôgen en kolonettes fersierd galerij. Dêrboppe in yn 1235 foltôge trifoarium mei spitsbôgen. Efter it trifoarium binne grutte finsters om it middenskip te beljochtsjen. Op dizze hichte stiet hjoeddedei no lykwols it oargel. Dêrboppe oer de hiele gevelbreedte is de keningsgalerij; fan de 22 bylden 13e-iuwske bylden is net te sjen wa't hja foarstelle. Binne it kenings fan Juda of kenings fan Frankryk? De hollen binne wat oan de grutte kant en de fuotten wer wat te koart. Sokke bylden binne ek te sjen oan de Notre-Dame fan Reims en de Notre-Dame fan Parys. Lytsere finsters efter de bylderige biede sicht op de twadde galerij yn de tsjerke. It roasfinster is 16e-iuwsk en letgoatysk. Boppe it nivo fan it roasfinster is wer in oerdekt terras, in tafoeging fan Viollet-le-Duc. Alle terrassen binne tagonklik en hawwe in tagong ta de oangrinzgende etaazjes fan de tuorren. Wetterspijers soargje foar de needsaaklike ôffier fan it reinwetter.

Súdlike toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de Kristoffeldoar fan de súdlike toer is in grut byld fan de hillige Kristoffel mei Jezus op it skouder. By de kapel Notre-Dame de Foy is in foarstelling te sjen fan de Ferkundiging mei dêrboppe de aartsingels Michae en Rafael út it begjin fan de 14e iuw. De muorre fan de Marije-Himelfeartkapel, eartiids wijd oan Nikolaas fan Myra, wurdt fersierd mei in byld fan in wedehandler en syn frou. Dêrboppe binne de bylden fan Nikolaas fan Myra en de Ferhearliking te sjen. Fierder is dêr in byld fan de bouwer fan de 13e-iuwske kapel, Guillaume de Mâcon.

De súdlike gevel fan it dwersskip en it portaal Saint-Honoré[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vierge Dorée

De súdlike gevel fan it dwersskip is mei 60 meter hast like heech as de súdlike toer. De gevel is yn trijën te ferdielen: ûnder it 20 meter hege portaal, dan twa rigen finsters mei dêrboppe in roasfinster en in ôfslutend trijehoekich fronton flankearre troch pinakels.

It portaal fan Saint-Honoré wurdt fanwegen it byld op de trumeau ek wol it portaal fan de oarspronklik beskildere en glimkjende Fergulde Jongfaam (Vierge Dorée) neamd, mar is wijd oan de seisde biskop fan Amiens, de hillige Honoratius. It byld is in replika fan it 13e-iuwske orizjineel, dat yn de tsjerke stiet. Op it timpaan wurde foarstellings út it libben fan Honoratius ôfbylde.

Noardlike kant fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it noardlike skip oerhearskje de loftbôgen en de tige hege finsters fan de sydkapellen. Tusken de finsters steane 14e-iuwske bylden fan de hillige Loadewyk, biskop Guillaume de Mâcon en Sint-Agnes. It portaal is fersierd mei in byld fan Sint-Firminus de Belider, biskop fan Amiens yn 'e twadde helte fan de 4e iuw. De noardlike gevel fan it dwersskip is ienfâldiger as de súdlike gevel en hat mar ien byld fan in fierder net bekende biskop. De gevel wurdt fral behearske troch it grutte roasfinster.

Krusingstoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De houten krusingstoer is 112 meter heech en healwei fersierd mei acht grutte bylden.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ramen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de oarspronklike ramen is net in soad bewarre bleaun. De trije roasfinsters hawwe noch oarspronklik glês. Ek yn it koer en in yn in pear kapellen binne noch in pear 13e- iuwske ramen mei yn it noarder dwersskip de Ingelske kenings Edward en Edmund.

Labyrint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Labyrint

It yn de 19e iuw restaurearre labyrint is in 13e-iuwsk ûntwerp. De stien yn it midden fan it labyrint is in replika, it orizjineel wurdt yn it Museum fan Pikardje bewarre, en jout it jiertal 1288 oan, it jier dat de bou fan de katedraal foltôge wie.

Preekstoel

Grêfmonuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de sydskippen fan de katedraal steane de grêfmonuminten fan de twa biskoppen Évrard de Fouilloy (biskop fan 1211 oant 1222) en Geoffroy d'Eu (biskop fan 1223 oant 1236). Évrard joech de oanset ta de weropbou fan de katedraal nei de brân yn 1218 en nei syn dea wurke opfolger Geoffroy fierder oan de katedraal. De brûnzen monuminten datearje út de earste helte fan de 13e iuw en binne ek yn Frankryk tige seldsum, want de measten binne yn de rin fan de tiid omraand, fral yn de tiid fan de Frânske Revolúsje.

Preekstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel fan de katedraal is in barok keunstwurk út 1773 en neffens in ûntwerp fan Pierre-Joseph Christophle makke troch de byldhouwer Jean-Baptiste Dupuis. De kânsel wurdt droegen troch de bylden Leauwe, Hope en Barmhertigens. It baldakyn wurdt bekroand mei in ingel dy't nei de himel wiist.

Koerstuolte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koerbanken waarden tusken 1508 en 1520 mei fykwurk fersierd op kosten fan deken Adrien de Hénencourt. De banken hearre troch it fykwurk ta de moaisten fan it lân en hawwe 62 hege stuollen en 48 lege.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.