Ferkundiging fan de Hear

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Foarstelling fan de ferkundiging mei de ingel, de wite leelje, Marije, de Hillige Geast en in ljochtstriel

De Ferkundiging fan de Hear (Latyn: Annuntiatio Domini, ek: Annunsiaasje), is in heechfeest yn it tsjerklike jier en tagelyk de beskriuwing fan it yn it evangeelje fan Lukas omskreaune ferhaal fan de ferkundiging fan de aartsingel Gabriël oan de jongfaam Marije dat hja troch de Hillige Geast de berte jaan sil oan de soan fan God.

De feestdei is op 25 maart en wurdt troch meardere kristlike denominaasjes fierd. De Armenen fiere de dei op 7 april.

Bibel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ferkundiging fan de Hear wurdt yn it evangeelje fan Lukas (1:26-38) beskreaun:

"En yn de sechde moanne waard de ingel Gabriël troch God nei in stêd yn Galiléa stjoerd, dy't Nazaret hiet, nei in jongfaam dy't de breid wie fan in man út Davids hûs, dy't Joazef hiet; har namme wie Marije. Doe't de ingel by har yn'e hûs kaam, sei er: Wês bliid, Marije, jo steane tige by God yn'e geunst, de Hear is mei jo. Mar hja waard kjel by dy wurden en frege harsels ôf, wat dy begroeting ynhold. De ingel sei tsjin har: Wês net bang, Marije, want jo steane by God yn'e geunst. Jo sille yn ferwachting reitsje en in soan te wrâld bringe, dy't jo de namme Jezus jaan moatte. Hy sil grut wêze en de soan fan de Allerheechste neamd wurde. God de Hear sil Him de troan fan syn heit David jaan, en foar altiten sil Er kening wêze oer it folk fan Jakob; syn keningskip sil gjin ein oan komme.
Marije sei tsjin de ingel: Mar hoe soe dat kinne, wylst ik gjin omgong mei in man haw? De ingel antwurde har: De hillige Geast sil oer jo komme en de krêft fan de Allerheechste sil Syn skaad oer jo lizze. Dêrom sil it bern dan ek Hillige neamd wurde, Soan fan God. Ek jo nicht Elisabet, moatte jo wite, is op har âlde dei noch yn ferwachting fan in soan. Hja, dy't ûntfruchtber hiet te wêzen, is al goed fiif moanne hinne. By God is ommers neat ûnmooglik. Doe sei Marije: Ik stean ta jo tsjinst, Hear, dat ik my neffens jo wurden gean mei. Doe gong de ingel by har wei."

Neffens it Bibelske prinsipe As God sprekt, bart wat sein wurdt is it boadskip fan de ingel tagelyk it momint fan de ûntfinzenis.

In koartere oankundiging wurdt yn it evangeelje fan Mattéus 1:18-21 oan Joazef jûn:

"Mei de berte fan Kristus gong it sa: doe't syn mem Marije yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken dat Marije, noch foar't se byinoar kommen wienen, in bern ferwachte troch it wurk fan de Hillige Geast. Joazef, har man, deugdsum as er wie, woe har net iepentlik te skande meitsje en stie yn bestân stilwei fan har te skieden. Mar sjoch, doe't er dêrmei omrûn, ferskynde him yn'e dream in ingel. Dy sei: Joazef, soan fan David, sjoch der net tsjin oan Marije, jo frou, by jo yn'e hûs te nimmen, want it bern dat hja ferwachtet, is fan de Hillige Geasts. Hja sil in soan krije, dy't jo Jezus neame moatte, want Hy sil syn folk fan'e sûnden ferlosse."

Keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ferkundiging oan Marije wie troch de iuwen hinne in populêr motyf yn de byldzjende keunst, benammen tidens de renêssânse. De foarstellings toane meastentiids Marije en de ingel Gabriël, dy't de jongfaam fakentiden in wite leelje oanbiedt. It komt ek foar dat Marije ôfbylde wurdt wylst hja yn in boek lêst, itjinge in ferwizing nei Jesaja's profesije fan de oankundiging yn it Alde Testamint is. In wite do op de foarstellings is it symboal fan de Hillige Geast. Ek wurdt de ûntfinzenis faak as in ljochstriel dy't Marije rekket útbylde.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]