Springe nei ynhâld

Chartres

Ut Wikipedy
Chartres
Katedraal fan Chartres
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Centre-Val de Loire
Departemint Eure-et-Loir
Sifers
Ynwennertal 38.426 (2018)
Oerflak 2.280 km²
Befolkingstichtens 2.280 / km²
Stêdekloft 88.995 hab (2017)
Hichte 121-161 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Chartres

Chartres is de haadstêd fan it Frânske departemint Eure-et-Loir.

Chartres wie ûnder de namme Autricum in haadplak fan de keltyske Karnutes en noch foar de Romeinske tiid al in plak fan belang. Yn it jier 51 f. Kr. joegen de Karnutes harren ûnder Caesar del. Yn de tiid fan de Romeinske besetting hearde de stêd ta de provinsje Gallia Lugdunensis. Al yn de 4e iuw waard de stêd as Carnutum of Carnotum in biskopsstêd. Pas yn de 12e iuw waard de stêd Chartres neamd.

Chartres joech de namme oan it al yn de tiid fan de Karolingen besteande greefskip Chartres, dat sûnt 956/960 yn it besit fan de greven fan Blois wie. Yn 911 waard Chartres omsingele troch de Wytsings en yn 1019 ferneatigen dy de stêd hast hielendal. It greefskip Chartres waard yn 1286 oan kening Filips IV ferkocht. Under biskop Fulbert fan Chartres ûntwikkele de katedraalskoalle him ta in wichtich sintrum fan midsiuwsk ûnderwiis, dêr't û.o. Ivo fan Chartres, Gilbert fan Poitiers en Jehannes fan Salisbury wurken.

17e-iuwske gravuere fan Chartres

Yn 1528 makke kening Frâns I it greefskip Chartres ta hartochdom. Hindrik IV oermastere de stêd yn 1591 en liet him yn Chartres kroane. Yn 1626 gyng de stêd as apanaazje yn 'e hannen oer fan de famylje Orléans, sadat de âldste soan fan de hartoch fan Orléans him tenei hartoch fan Chartres neame mocht.

Op 21 oktober 1870 besette de 22e difyzje ûnder generaal Wittich de stêd. Charatres bleau yn de striid tsjin it Loire-leger in wichtich bolwurk fan de Dútsers.

Nei't de alliearden ein july in útbraak út Normandje wisten te forsearjen, koene de Amerikaanske troepen hast sûnder Dútske wjerstân it lân in hiel ein ynkringe. Op 16 augustus 1944 stie it 20 US-korps foar Chartres. Yn it gebiet hie Hitler lykwols noch trije difyzjes fan it Dútske 15e leger. De stêd hie swier te lijen krijen fan de bombardeminten yn augustus fan dat jier en it befel wie jûn de katedraal te ferneatigjen. Kolonel Barton Griffith Jr. frege him ôf oft dat wol nedich wie en bea himsels oan om efter de fijannelike linys te ûndersykjen oft de Dútsers de katedraal ek echt as observaasjepost brûkten. Mei syn sjauffeur slagge it him de katedraal yn te gean en nei't er it hiele gebou oant de klokketoer ta trochsocht hie, koed er oan it haadkertier trochjaan dat der gjin Dútsers yn it gebou wiene sadat it befel om de katedraal te ferneatigjen ynlutsen waard. Noch deselde deis ferstoar kolonel Griffith yn Lèves, 3,5 kilometer noardlik fan Chartres. Foar syn grutte moed yn Chartres en ek yn Lèves krige kolonel Griffith postúm ferskillende Amerikaanske en Frânske ûnderskiedings. Chartres waard op 18 augustus befrijd.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2018
Ynwenners 31.495 34.469 38.928 37.119 39.595 40.361 40.022 38.426
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keningsportaal Notre-Dame, Chartres
De Wikipedy hat ek in side Katedraal fan Chartres.

De stêd is ferneamd om syn katedraal, dy't yn 1979 op de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed byskreaun waard. De tsjerke waard fan 1194 oant 1220 boppe in 11e-iuwske krypte boud en is de âldste hast ûnferoare heechgoatyske katedraal fan de wrâld. De brânskildere ramen fan de tsjerke binne foar in grut part midsiuwsk. De katedraal stie model foar in soad oare goatyske katedralen yn Europa en is dêrom fan útsûnderlik grutte betsjutting.

Oare monuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Église Saint-Pierre

Oare monumintale tsjerken binne:

  • De Église Saint-Pierre (Sint-Piter), Rue Pétion, is in eardere abdijtsjerke út de 12e-13e iuw mei in 11e-iuwske toer en 14e-iuwske brânskildere ramen.
  • De Église Saint-Aignan, Place Saint Aignan, is ferneamd nei in 4e-iuwske biskop fan Chartres en waard boud yn de 15e-16e iuw.
  • De Église Saint-André, Rue Saint-André, waard boud op in amfyteäter, de âldste dielen geane werom op de 12e iuw.
  • De Église Saint-Martin-au-Val, Rue Georges Brassens, is oarspronklik in kleastertsjerke. Fan it kleaster bleau allinne de tsjerke bestean. De tsjerke giet werom op de 11e iuw, maar waard yn de 15e en 19e iuw ferboud.

De âlde binnenstêd Chartres wurdt noch foar in grut part troch wâlen, in stedsmuorre en poarten omjûn. De stêd waard nei de Twadde Wrâldkriich restaurearre en de nauwe steegjes fan Chartres falle krekt lykas de katedraal tsjintwurdich ûnder monumintesoarch.

  • It Musée de Beaux Arts is ûnderbrocht yn it eardere biskoplike paleis.
  • Chartres en lumière (july oant en mei desimber)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]